Diederik Samsom: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
JackieBot (oerlis | bydragen)
L r2.7.2) (Bot - derby: tr:Diederik Samsom
Xqbot (oerlis | bydragen)
L r2.7.3) (Bot - derby: no:Diederik Samsom; tekstwiziging
Rigel 1:
[[Ofbyld:01._Diederik_Samsom.jpg|200px|right|thumb|Diederik Samsom]]
'''Diederik Maarten Samsom''' ([[Grins (stêd)|Grins]], [[10 july]] [[1971]]) is in Nederlânsk politikus. Foar de [[Partij fan de Arbeid ]] sit hy sûnt [[30 jannewaris]] [[2003]] yn de [[Twadde Keamer fan de Steaten-Generaal|Twadde Keamer]]. Op 16 maart 2012 waard Samsom [[fraksjefoarsitter]] en [[polityk lieder]] fan syn partij.
 
Samsom is troud en hat in dochter (Benthe) en in soan (Fane). De húshâlding wennet yn [[Leien]].
 
== Biografy ==
Samsom syn heit en pake wiene beide ynternist yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] en komme út it laach Samsom dat ein [[19e ieu]] yn [[Alfen oan de Ryn]] in útjouwerij fan wetteksten en administrative systemen oprjochte. Syn mem wie fysioterapeute, wurke earst mei swaksinnige bern yn Ljouwert en Boalsert, dêrnei hie se in eigen paraktyk. Diederik groeide op oan de Harnzerstrjitwei yn Ljouwert. Fierde aksje om it Steedlik Gymnasium selsstannich bliuwe te liten en wie lid fan swimferiening Orca. Yn [[1989]] helle Diederik Samsom syn [[gymnasium]]-diploma oan dit [[Piter Jelles Gymnasium |Steedlik Gymnasium]] yn Ljouwert. Dênei hat hy fan 1989 - 1997 [[technyske natuerkunde]] (ôfstudearrjochting [[kearnfysika]]) studearre oan aan de [[Technyske Universiteit Delft]], dêr't hy syn [[yngenieur]]stitel helle. Yn syn studintetiid wie hy lid by [[OJV de Koornbeurs]] dêr't hy yn 1990 - 1991 ficefoarsitter fan wie. Ear't hy yn de Keamer kaam wie Samsom ûnder oare aktyf as aksjefierder en kampanjelieder by [[Greenpeace]] en as bestjoerslid fan it Delftse [[studintefakbûn]] [[VSSD]]. Yn dy hoedanigens wie hy ek aktyf by de [[Lanlike Studinte Fakbûn|LSVb]] en stelde hy in jiergong fan it [[Poenboek]] gear. Hy wie by de Twadde Keamerferkiezingen 2002 al kandidaat foar de Twadde Keamer, mar waard troch it grutte ferlies fan syn partij net keazen.
 
Nei dy ferkiezings waard Samsom direkteur fan syn eigen enerzjybedriuw ''Echte Energie'', dat hannelt yn [[griene stroom]]. Dit bedriuw is yn 2008 oernomd troch Eneco.
 
=== Polityk ===
By de Twadde Keamerferkiezingen 2003 krige hy lykwols in heech plak op de kandidatelist fan de PvdA en waard hy wol keazen yn it parlemint. Hy is wurdfierder miljeubelied en hâldt him fierder dwaande mei enerzjybelied en ûntwikkelingsgearwurking.
 
Rigel 18:
By de Twadde-Keamerverkiezingen op 9 juny 2010 stie Samsom as sânde op de kieslist. Hy krige 10.982 foarkarstimmen.
 
Samsom naam 2012 de meiferdigening oer fan [[Hans Spekman]] dy't de Keamer ferlitten hie fan in yn 2011 troch Spekman en [[Joël Voordewind]] ([[ChristenUnie]]) yntsjinne ynisjatyfwetsútstel oer fersterking fan de posysje fan yn Nederlân "bewoartele" minderjierrige frjemdlingen. Dy wet krige de namme ''Kinderasielwet'' mei; ek wol ''Wortelingswet'' of de '[[Asylsaak Mauro Manuel|MauroMaurowet]]wet'. De [[Ried fan Steate]] brocht dêroer in negatyf advies út.<ref>[http://raadvanstate.nl/adviezen/zoeken_in_adviezen/zoekresultaat/?zoeken_veld=geworteld&advicepub_id=10128&utm_id=2&utm_source=Zoeken%20in%20adviezen&utm_campaign=adviezen&utm_medium=internet&utm_content=W04.11.0461/I&utm_term=geworteld ''Negatief advies Raad van State wetsvoorstel minderjarige vreemdelingen''] Ried fan Steat, 22 desimber 2011</ref><ref>[http://www.trouw.nl/tr/nl/4500/Politiek/article/detail/3216470/2012/03/04/Wet-voor-asielkinderen-rammelt-aan-alle-kanten.dhtml ''Wet voor asielkinderen rammelt aan alle kanten''], [[Trouw (krante)|Trouw]], 4 maart 2012</ref>
 
[[Ofbyld:Congres_maart_2012.jpg|thumb|250px|Samsom wint it partijliederskip]]
Op 20 febrewaris 2012 gie [[Job Cohen]] ôf as polityk lieder, fraksjefoarsitter en Twadde Keamerlid. Dêrnei wûn Samsom 16 maart de spesjaal útskreaune lederieplachting oer it partijliederskip en fraksjefoarsitterskip mei goed 54% fan de stimmen ([[Ronald Plasterk]] krige 31,6% fan de stimmen). Nei syn oerwinning liet er witte dat at de PvdA de grutste partij wurde soe, hy premier wurde woe en oars fraksjefoarsitter yn de Twadde Keamer, ek at de PvdA yn it regear komme soe.<ref>[http://www.trouw.nl/tr/nl/4500/Politiek/article/detail/3226301/2012/03/17/De-energievoorraad-van-Diederik-Samsom-raakt-nooit-op.dhtml ''De energievoorraad van Diederik Samsom raakt nooit op''] Trouw, 17 maart 2012</ref>
 
Ein april 2012 krige er in soad krityk, ek fan syn eigen folk, fanwege it net meidwaan oan it saneamde ''[[Maitydsakkoard|Lenteakkoord]]'', doe't de fraksjefoarsitters fan VVD, [[CDA]], [[D66]], [[GrienLinks]] en KristenUny mei minister [[Jan Kees de Jager|De Jager]] oerienstimming berikten oer in miljardenpakket oan besunigings. Lykwols wie in mearderheid fan de lederie fan de PvdA posityf oer Samsom syn kar.
Rigel 52:
[[nds-nl:Diederik Samsom]]
[[nl:Diederik Samsom]]
[[no:Diederik Samsom]]
[[pl:Diederik Samsom]]
[[ru:Самсом, Дидерик]]