Swierwêzen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
Rigel 3:
 
== It swierwêzen by de minske ==
Gewoanwei nestellet de befruchte aaisel him yn de liifmoer (''[[Liifmoer|uterus]]''). Nestellet de aaisel him earne oars, dan is der sprake fan [[bûtenliifmoersk swier]] (''ekstra-uterine graviditeit''). Nei skatting 15 % fan de fêststelde swierens einiget yn in [[miskream]]. Fan alle befruchte aaisellen giet sels ± 50% ferlern, meastal lykwols al ear't de frou murken hat dat hja swier is.
[[Ofbyld:Grosse derGebarmutter in den einzelneMonaten derSchwangerschaft.gif|thumb|left|''De groei fan de [[liifmoer]] by it swierwêzen'']]
It swierwêzen begjint as in [[aaisel]] [[befruchting|befruchte]] wurdt troch in [[siedsel]] en einiget mei de [[befalling|berte]] fan it bern. Nei de berte fan it bern kin it seis wike oant inkele moannen duorje ear't de tastân fan it frouwelichem werom is yn dy fan foar de swierens. Dy perioade hjit ûntswiering (''puerperium''). Boarstfieding spilet in positive rol yn dat proses, flessefieding kin wer oare foardielen hawwe.