Ferskil tusken ferzjes fan "Taksonomy"

gjin bewurkingsgearfetting
L (robot Erbij: ca, it, ko, la, scn, sh, sr, sv)
 
=== DNA ===
Yn de lêste jierren fan de [[20e ieu]] kaam der in tredde boarne fan ynformaasje beskikber, '''[[DNA]]-ferwanskipbesibbens''', meast fan libbene wêzens, mar ek fan in tal noch net al te lang lyn útstoarne soarten. De gefolgen fan dizze nije revolúsje binne no ([[2004]]) noch mar foar in part te oersjen.
 
=== Tapassing ===
Yn de moderne taksonomy wurdt besocht út dizze trije haadboarnen fan ynformaasje (anatomy, fossile foarmen en genetika) in sadanige systematyk op te setten, dat der allinne groepen ('''taksa''', inkelfâld '''takson''') binne dy't ''monofyletysk'' binne, dat wol sizze dat:
* de groep fan ien stamfoarm ôfstamtôfstammet en
* alle ôfstammelingen fan dy stamfoarm ta de groep hearre.
 
In takson dat net oan de earste eask foldocht wurdt ''polyfyletysk'' neamd, en in takson dat wol oan de earste mar net oan de twadde eask foldocht wurdt ''parafyletysk'' neamd. Fierder hat men yn guon foarmen fan taksonomy de organisaasjelagen heger as skaai mar ôfskaft, omdat der geandewei mear tuskenlagen en laagjeslaachjes by kamen. (boppeskift, ûnderskift, boppefamylje, ûnderfamylje ensf.)
 
Probleem is lykwols dat guon taksa, dy't noch stamme út de tiid fan Linnaeus, sa ynboargere binne dat se diel út meitsjeútmeitsje fan de deistige taal en dêrom beswierlik ôf te skaffen binne. In foarbyld dêrfan is de Klasse [[Reptilen]], ''Reptilia''. binne in sa ynboargere begryp dat se in diel fan it gewoane spraakgebrûk wurden binne. Taksonomysk is de Klasse Reptilia net akseptabel omdat bygelyks de fûgels dêryn misse, hoewol ek dy ôfstamme fan de lêste mienskiplike foarâlden dy't de tsjintwurdige slangen, krokodillen skylpodden ensf. mien hawwe. Reptilia is dêrmei in parafyletyske takson.
 
Dit lêste probleem wie al bekend foardat it DNA-ûndersyk de stambeam fan it libben trochelkoar begûn te skodzjen.
 
== Kompjûterstjoerde taksonomyen ==
De lêste jierren wurdt der yn de fakgebieten [[ynformatika]] en [[kunstmjittige yntelliginsje]] besocht in kompjûter automatysk in taksonomy meitsje te litten fan fan in samling objekten. In bekend foarbyld is it automatysk klassifisearjen fan in groep dokumentendokuminten, bygelyks foar digitale biblioteken.
 
Opfallend is dat yn dy fakgebieten ûnderskied makke wurdt tusken in taksonomy en in typology. It ferskil sit benammen yn de wizze wêrop de yndieling ta stân komt (yn de ynformatika: it klassifikaasje-[[algoritme]]). By in taksonomy giet men út fan in groep foarbyld-objekten dy't men besiket te ferdielen. By in typology begjint men fan it konsept út: hokker eigenskippen soe in objekt normaliter hawwe kinne en dielt se dan neffens dy regels yn. Men soe sizze kinne dat taksonomyen empyrysk (ynduktyf) ta stân komme en typologyen konseptueel (deduktyf).
56.994

bewurkings