Fryske stavering: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 25:
 
== Skiednis ==
[[Ofbyld:RunenWesteremden.jpg|thumb|right|Frysk runestêfke út [[Westeremden]]]]
{{Apart|Skiednis fan de Fryske stavering}}
=== IereDe skiednisrunen en it Aldfrysk ===
It Proto Frysk is oerlevere op in lyts tal [[runen|rune-ynskipsjes]]. It saneamde ''f.u.th.a.r.k'' is by de runen it ABC fan it Latynske alfabet dat it Frysk al brûkt sûnt it Aldfrysk. De teksten dy't oerlevere binne kinne net altiten like maklik ynterpertearre wurde. Dúdlik is al hokker runen yn de tradysje fan de Anglo-Fryske runen stean. Benammen út Skandinaavje wei binne wat langere teksten yn runeskrift oerlevere. Troch feroarings yn de taal hat it needsaaklik west om yn Fryslân en Ingelân guon oanpassings yn it ''[[Futhark]]'' troch te fieren. Sa binne de Anglo-Fryske ynskripsjes maklik werom te kennen, sels as se fier bûten Fryslân fûn binne.
Mei de [[Anglofryske runen]] waard de Fryske taal yn de iere midsieuwen foar it earst werjûn mei tekens. It Anglofryske ''[[Futhark]]'' hat mear tekens as it Skandinavyske en is dêrom maklik werom te kennen, sels as de runen fier bûten Fryslân fûn binne.
 
Ornaris wurdt foar it Frysk alles foar 1550 ta it [[Aldfrysk]] rekkene. Lykwols set koart foar it jier 1400 in feroaring (modernisearring) yn. Dy modernisearring yn de skriuwtaal soe neffens guon saakkundigen it begjin fan it Midfryske tiidrek wêze. It Midfrysk dat trochstrings it tiidrek fan 1550-1800 beslacht wurdt dan troch dyselde saakkundigen it tiidrek fan it iere Nijfrysk neamd. Oars as it Proto Frysk wurdt it Aldfrysk al sûnt it ferskinen fan de earste rjochtsteksten skreaun mei it [[Latynsk alfabet|Latynske alfabet]]. It Aldfrysk makke gebrûk fan 26 letters: ''a'', ''b'', ''c'', ''d'', ''e'', ''f'', ''g'', ''h'', ''i'', ''j'', ''k'', ''l'', ''m'', ''n'', ''o'', ''p'', ''q'', ''r'', ''s'', ''t'', ''u'', ''v'', ''W'', ''x'', ''y'', ''z''.
Sûnt it [[Aldfrysk]] wurdt it Frysk stavere mei it Latynske alfabet. De krekte staveringsregels fan it Aldfrysk binne net bekend, mar yn it grut tal oerlevere rjochtsteksten is om it jier 1450 hinne wol in feroaring (modernisearring) yn de skriuwtaal te fernimmen. Nei 1550 is it Frysk winliken gjin skriuwtaal mear.
 
=== Gysbert Japiks ===
As de renêssânse-dichter [[Gysbert Japiks]] (1603-1666) yn it Frysk begjint te skriuwen nimt er in folslein oare, troch him sels makke, stavering foar kar.
De taal en stavering fan [[Gysbert Japiks]] (1603-1666) syn wurk wie de grûnslach fan de hjoeddeiske Fryske skriuwtaal.<ref>[http://www.gemeentenenfrysk.nl/index.php?NewsId=20 gemeentenenfrysk.nl] Fryske skriuwwize Boalsert as earbetoan</ref> Japiks makke in eigen stavering dy't fier fan de Aldfryske stavering (foar 1550) ôf stie. Nei de ein fan [[Fryske frijheid]] yn 1498 ferdwûn it Aldfrysk as skriuwtaal fan it bestjoer. Gysbert Japiks wurke skriuwendewei oan syn stavering fan it Frysk. Taalwittenskipper [[Tony Feitsma]] makket yn de stavering fan Gysbert Japiks in gronologysk ûnderskie fan fjouwer fasen, en dêrby gronologysk útgiet fan twa staveringen.<ref>Tydskrift foar Fryske taalkunde, jiergong 7 (1992), nûmer 2</ref> Utgeande fan twa staveringen wie de stavering fan Gysbert Japiks al tige konsekwint. De begjinsels fan Japiks binne nei syn dea publisearre en gouwen yn de njoggentjinde en tweintichste ieu noch as referinsjepunt by staveringsdiskusjes.<ref>[http://www.11en30.nu/global/fri/Artikel/29 11en30.nu] Gysbert Japiks</ref> It skreaune Frysk fan de 19e ieu liket alteast noch foar in part op de stavering fan Japiks: sawol Japiks as njoggentjinde ieuske skriuwers skriuwe ''ho'' op plakken dêr't hjoed-de-dei ''hoe'' skreaun wurde soe. Japiks brûkt foar wurden as ''mei'' en ''ein'' de skriuwwize ''mey'' en ''eyn''.
 
=== Moderne19e staveringieu ===
[[Ofbyld:Staveringen skema.jpg|thumb|400px|Skematysk oersjoch fan de stavering fan it Frysk.]]
Yn de 19e ieu lizze de [[bruorren Halbertsma]] de grûnslach foar de moderne Fryske stavering.
Yn de earste helte fan de 19e ieu kaam der mei de [[Romantyk]] mear omtinken foar it [[Frysk]] as skriuwtaal. De [[bruorren Halbertsma]] hienen foar harren teksten de stavering fan Gysbert Japiks fierder ûntwikkele en ta-eigene. Mei de eigen stavering begûn [[Joast Hiddes Halbertsma]] mei it skriuwen fan in Frysk-Latynsk wurdboek ('"Lexicon Frisicum"), mar makke gjin dien wurk.<ref>[http://itnijs.nl/2011/07/in-grut-frysk-latynsk-wurdboek/ It Nijs] In grut Frysk-Latynsk wurdboek (4 july 2011)</ref>
 
De [[SelskipsstaveringHarmen Sytstra]] fanûntworp 1879in wie de earsteeigen stavering fanfoar it Frysk, dy'tde kollektyfIdunastavering, fêstleinnei wie.in In bewurkingidee fan dyDe Haan Hettema. Dy stavering wiedie desterk [[Akademystavering]]tinken oan dy fan 1945de midsieuske Fryske wetsteksten. YnDat 1969kaam waardhim trochop Provinsjalein Steatenprotte fankrityk Fryslânte beslutenstean daten dyfûn staveringgjin teneineifolging. asIt offisjelesoe staveringte fier fan it deistich Frysk jildeôfstean, soe.dêr't Halbertsma syn stavering wol op basearre hie.
 
1879 wie in wichtich jier foar de ûntjouwing fan de Fryske stavering. Yn dat jier waard de earste offisjele stavering fan it Frysk kollektyf fêstlein troch it '[[Selskip 1844]]'. Dy stavering bout fierder op de stavering fan de Halbertsma's. Dêrneist wurde der eleminten út de Nederlânske stavering helle lykas de ''oe''; yn hast alle oare Germaanske talen wurdt it teken ''u'' foar brûkt. De stavering grypt ek werom nei it Aldfrysk, lykas by it skriuwen fan in ''h'' yn ''hwa'', dy't nei alle wierskyn net oerienkaam mei de 19e-ieuske útspraak. De ''o'' yn ''to'', no it wurdsje ''te'', wie yn de njoggentjinde ieu noch wol te hearren. Dat wie ek sa mei it wurd ''fan'' dat foar 1945 noch as ''fen'' skreaun waard. Yn 1879 namen deputearre steaten fan Fryslân beslút dat der in folslein wurdboek Nederlânsk-Frysk ("Friesch Woordenboek") fan it [[Nijfrysk]] komme soe, mei as útgongspunt it "Lexicon Frisicum" en it oan 'e provinsje Fryslân neilitten wurdboekmateriaal fan Halbertsma. [[Waling Dykstra]] brûkte de Halbertsma-stavering al yn syn boeken. Hy waard ek de skriuwer fan it nije wurdboek fan deputearre steaten. It earste diel kaam út yn 1900 en it tredde en lêste diel yn 1911. Troch publikaasjes fan skriuwers en it ferskinen fan Fryske wurdlisten en [[wurdboek]]en kaam der yn de 19e ieu stadichoan mear ienheid yn ’e stavering fan it Frysk.<ref>[http://www.gemeentenenfrysk.nl/upload/files/taalfanithertfrysk.pdf Taal fan it hert] side 12</ref>
De lêste staverinsferoaring, de [[Steatestavering]], is fan 1980.
 
=== 20e ieu ===
Yn 1945 waard de Selskipsstavering ferfongen troch de [[Akademystavering]], ek wol "âlde stavering" neamd. Yn 1969 hawwe Provinsjale Steaten besluten dat de Akademystavering fan 1945 de offisjele stavering waard. Dêrneist waard besluten dat “it fêststellen fan de offisjele stavering fan it Frysk heart ta it foech fan Provinsjale Steaten”.<ref>[http://www.kneppelfreed.nl/frysk/untjouwings/wurdboek.html Nederlânsk-Frysk juridysk wurdboek] op kneppelfreed.nl</ref>
 
Yn 1980 waard de Akademystavering ferfongen troch de [[Steatestavering]], of ek wol de "nije stavering". Yn de santiger hienen [[Tony Feitsma]] en [[Trinus Riemersma]] grutte plannen mei de Fryske stavering. Beide woenen se ta op in fonologyske stavering fan it Frysk.<ref>[http://www.frieschdagblad.nl/index.asp?artID=46077 Frysk Deiblêd] Wittenskipper Tony Feitsma wie mei hert en siel ferbûn mei it Frysk</ref> Sawol Feitsma as Riemersma skreaunen faak neffens har eigen staveringsideeën. Riemersma skreau ferskate boeken yn syn eigen stavering, lykas "De reade bwarre" yn 1984.<ref>[http://www.demoanne.nl/?p=823 De Moanne] Kronyk fan it libben fan Trinus Riemersma</ref> Nettsjinsteande it ferset waard yn 1979 it beslút Provinsjale Steaten ta de ynfiering fan de Steatestavering per 1 jannwaris 1980.
 
Sûnt de ynfiering fan de Steatestavering giet de staveringsdiskusje net sa bot mear oer de stavering, mar folle mear oer it brûken fan lienwurden en lienkonstruksjes.<ref>Tusken Talen, Reitze J. Jonkman en Arjen P. Versloot, Afûk 2008, side 115</ref>
 
=== Untjouwing Fryske stavering ===
<center>
{| class="wikitable"
!colspan="16"|'''Untjouwing fan de Fryske skriuwwize'''
|-
|Aldfrysk (1300)||Aldfrysk (1450)||Gysbert Japiks 17e ieu||Selskipstavering 1879||Akademystavering 1945||Steatestavering 1980
|-
| wesa || wessa || wezze || wêze || wêze || wêze
|-
| thet || dat || dat || det || dat || dat
|-
| hia || hyae || jae || hja || hja ||hja
|-
| word || wird || wird || wird || wurd || wurd
|-
| hwat || haet || wat || hwat || wat || wat
|-
| for || for || for || for || foar || foar
|}
</center>
 
== Sjoch ek ==