Angrivaarjers: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
[[]]
No edit summary
Rigel 3:
Yn de fjildtocht fan [[Germanikus]] tsjin de Sjerusken yn [[16]] n.Kr. kamen de Angrivaarjers yn opstân tsjin [[Rome en bedrigen sy it leger fan Germanikus yn de rêch, mar sy waarden rillegau troch in generaal fan Germanikus, in Stertonius, oermastere. Sûnt wienen hja bûnsmaten fan Rome, dêr't de Angrivaarjers elitetroepen oan leveren. [[Publius Cornelius Tacitus|Tacitus]] skriuwt oer de ûnderfinings fan Germanikus mei ûnder oaren de Angrivaarjers yn syn Annales 2.
 
Neidat de Sjerusken as stam ferdwûnen tusken [[51]] n.Kr. en [[98]] n.Kr., wreiden de Angrivaarjers harren wenkrite nei it suden ta út, ûnder keizer [[Marcus Cocceius Nerva|Nerva]] oant de Lippe en de boarnen fan de [[Iems]] ta. Noch letter fersprate de stam him noch fierder nei it suden en westen. Yn de twadde as tredde ieu nei Kr. slueten de Angrivaarjers harren oan by it [[Saksen (folk)|Saksenbûn]].
 
De kontreien oan wjerskanten de Weser naam de namme fan de bewenners oer en hjitte oant yn de midsieuwen Angria, Angaria of Engern. Dat gebiet wie neist [[Westfalen (krite)|Westfalen]], [[Eastfalen]] en [[Noordalbingië]] de middelste fan de fjouwer regio's, dy't meiïnoar [[Stamhartochdom Saksen|Saksen]] foarmen.