Zwillbrock: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 26:
}}
 
'''Zwillbrock'''', (''Frysk: Swilbroek'') is in [[tsjerkedoarp]] yn de gemeente Vreden yn [[Munster]]lân. It leit oan de Dúts-Nederlânske grins tusken de stêden Vreden en Groenlo. In lytser part mei de namme Zwilbroek leit oan de Nederlânske kant fan de grins yn de gemeente [[Berkelland]].
 
== Untstean fan it tsjerkedoarp ==
Rigel 34:
Op 6 oktober 1717 waard de earste stien foar de hjoeddeistige Sint-Fransiskustsjerke lein, dy't yn 1719 of 1720 ree kaam. Yn de jierren 1765 en 1782 wiene der ferbouwings en útwreidings. Op 28 febrewaris 1811 waard it gebiet opnaam yn it [[Frânske Keizerryk]] en it kleaster neffens de Frânske wetjouwing opheft en de besittings oerdroegen oan de domeinen. Fan 1858 ôf is Zwillbrock in selsstannige parochy mei in eigen tsjerke. De dakruter ynstee fan in toer is it skaaimerk fan de Minderbruorren. De tsjerke mei syn rike barokke oanklaaiïng hat ek de [[Twadde Wrâldkriich]] goed trochstien. De wytstiennen stjer yn it paad foar de doar is in ferwizing nei de namme Bethlehem fan it eardere kleaster. In âld mei wylgen seame paad tusken de tsjerke en de grins draacht de namme "Kloppendiek", de dyk fan de [[klopke]]s.
== Zwillbrocker Venn ==
[[Ofbyld: Zw ve fla.jpg|270pxthumb|right|262px|Flamingo's yn it feanSwilbroeker Fean]]
It Swilbroeker Fean is in beskerme natoergebiet oan de Dútsk-Nederlânske grins bewesten Vreden. It grinzet oan de Nederlânske gemeenten Berkelland en Winterswijk. Der briede mear as hûndert fûgelsoarten. Sa briedt yn it gebiet de grutste [[kobbe]]koloany fan Dútslân, mei om en de by 16.000 kobben. Boppedat is it Swilbroeker Fean it fierst noardlik lizzende briedgebiet foar [[Flamingoëftigen|Flamingo]]'s yn Europa. Mear as fjirtich Flamingo's hâlde simmers yn it gebiet ta.