Karspel: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
MerlIwBot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: gd:Parraist
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 3:
It karspel as gebiet fan in parochy of tsjerklike gemeente wie fanâlds part fan de tsjerklike organisaasje fan in bisdom. De grinzen datearje faak út de [[11e ieu|11e]] of [[12e ieu]]. Fanwege befolkingsgroei en ûntginning fan woaste grûn of spjalting waarden dy grinzen wizige. Nei de [[reformaasje]] kaam it by de protestants wurden parochys ek ta grinsferoarings. Omdat de grinzen fan in karspel meast deselde wienen as dy fan it richteramt of skoutambt wurdt it wurd karspel ek wolris as synonym dêrfoar brûkt.
 
Fan de [[16e ieu]] ôf waard it begryp karspel hieltyd mear brûkt om de bestjoerlike ienheid oan te tsjutten dy't nei de [[Bataafske Revolúsje]] [[1795]] de boargerlike [[gemeente (bestjoer)|gemeente]] foarmjen geanfoarmje soe. Somtiids binne by de foarming fan de gemeenten karspelenkarspels gearfoege ta inien gemeente.
 
Yn geografyske nammen komt karspel faak foarisfoar. Bygelyks wie it gebiet om de stêd [[Swol]] hinne oant 1967 in selstannige gemeente ûnder de namme [[Swollerkerspel]] en bestie oant 1966 besuden [[Weesp]] de gemeente [[Weesperkarspel]].
 
Ek de nammen fan de gemeentes [[Achtkarspelen]] (de acht tsjerkedoarpen dy't ta it [[Bisdom Munster]] hearden) en [[Harenkarspel]] ([[Noard-Hollân]]) en in tal Noard-Hollânske plakken ferwize noch nei de tsjerklike skiednis. Soms falt in karspel ûnder de parochy fan in plak mar leit it yn in oare gemeente.