Fryske stavering: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 49:
Yn 1969 hawwe Provinsjale Steaten besluten dat de Akademystavering fan 1945 de offisjele stavering waard. Dêrneist waard besluten dat “it fêststellen fan de offisjele stavering fan it Frysk heart ta it foech fan Provinsjale Steaten”.<ref>[http://www.kneppelfreed.nl/frysk/untjouwings/wurdboek.html Nederlânsk-Frysk juridysk wurdboek] op kneppelfreed.nl</ref> Nei it fêstlizzen fan it foech krige in steatekommisje de taak om ta in nije Fryske stavering te kommen. Mei saakkundigen fan de Fryske Akademy waard punt foar punt neigien hoe't de stavering moderner makke wurde koe.<ref>[[Ljouwerter Krante]] fan 01-08-1969: ''Delegaesje oer staveringssaek nei Akademy'', side 11</ref> Yn 1976 wie de steatekommisje klear mei syn wurk en koe Provinsjale Steaten beslute oer it al as net ynfieren fan de nije stavering. Provinsjale Steaten stelde yn mearderheid it konsept fan de Steatekommisje fêst as de nije stavering. Dy stavering krige de namme Steatestavering en waard offisjeel op 1 jannwaris 1980 ynfierd.<ref>[[Ljouwerter Krante]] fan 01-04-1976: ''Ds moatte kwesje fan g - ch en oe - ou - u nochris goed bisjen'', side 25</ref>
 
Yn de santiger jierren hienen [[Tony Feitsma]] (lid fan en [[Trinus Riemersma]] grutte plannen mei de Fryske stavering. Hja woenen beide ta op in fonologyske stavering fan it Frysk.<ref>[http://www.frieschdagblad.nl/index.asp?artID=46077 Frysk Deiblêd] Wittenskipper Tony Feitsma wie mei hert en siel ferbûn mei it Frysk</ref> Sawol Feitsma as Riemersma skreaunen faak neffens har eigen staveringsideeën. Riemersma skreau ferskate boeken yn syn eigen stavering, lykas "De reade bwarre" yn 1984.<ref>[http://www.demoanne.nl/?p=823 De Moanne] Kronyk fan it libben fan Trinus Riemersma</ref> Minsken as [[Lieuwe Hornstra]] hawwe har noch mei ham en gram ferset tsjin de ynfiering fan de nije Fryske stavering, hy stie der op dat syn wurk yn de âlde stavering ferskine soe.<ref>[http://www.sirkwy.nl/titel/116 Lytse biografy fan Lieuwe Hornstra op sirkwy.nl]</ref> It ferset kaam nei de ynfiering út in hieltyd lytsere hoeke. Sûnt de ynfiering fan de Steatestavering giet de staveringsdiskusje net sa bot mear oer de stavering, mar folle mear oer it skriuwen en brûken fan lienwurden en lienkonstruksjes.<ref>Tusken Talen, Reitze J. Jonkman en Arjen P. Versloot, Afûk 2008, side 115</ref>
 
=== Untjouwing Fryske stavering ===