Fryske stavering: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 20:
 
== Skiednis ==
[[Ofbyld:RunenWesteremden.jpg|thumb|right|400px|Frysk runestêfke út [[Westeremden]]]]
=== De runen en it Aldfrysk ===
It Proto Frysk is oerlevere op in lyts tal [[runen|rune-ynskipsjes]]. It saneamde ''f.u.th.a.r.k'' is by de runen it ABC fan it Latynske alfabet dat it Frysk al brûkt sûnt it Aldfrysk. De teksten dy't oerlevere binne kinne net altiten like maklik ynterpertearre wurde. Dúdlik is al hokker runen yn de tradysje fan de Anglo-Fryske runen stean. Benammen út Skandinaavje wei binne wat langere teksten yn runeskrift oerlevere. Troch feroarings yn de taal hat it needsaaklik west om yn Fryslân en Ingelân guon oanpassings yn it ''[[Futhark]]'' troch te fieren. Sa binne de Anglo-Fryske ynskripsjes maklik werom te kennen, sels as se fier bûten Fryslân fûn binne.
Rigel 42:
 
=== 20e ieu ===
[[Ofbyld:Stavering.jpg|thumb|150px180px|In modern staveringslearboek fan de [[Afûk]].]]
Yn 1945 waard de Selskipsstavering ferfongen troch de [[Akademystavering]], ek wol "âlde stavering" neamd. Mei de Akademystavering soenen gâns fernijïngen komme om de taal tichtber by de doetiidske útspraak te bringen. It wurdsje ''det'' soe tenei as ''dat'' skreaun wurde, it wurdsje ''ho'' as ''hoe'', en ''hird'' as ''hurd''. By de ''oe''-klank waard der foar keazen om dy by brekking oan te jaan mei ''uo''. By de Selskipstavering waard noch ''stoellen'' en ''mûrre'' skreaun, mar mei de Akademystavering waard dat feroare yn ''stuollen'' en ''muorre''.