Fryske stavering: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 43:
=== 20e ieu ===
[[Ofbyld:Stavering.jpg|thumb|180px|In modern staveringslearboek fan de [[Afûk]].]]
Yn 1945 waard de Selskipsstavering ferfongen troch de [[Akademystavering]], ek wol "âlde stavering" neamd. Mei de Akademystavering soenen gâns fernijïngen komme om de taal tichtber by de doetiidske útspraak te bringen. It wurdsje ''detscille'' soe tenei as ''datsille'' skreaun wurde, it wurdsje ''ho'' as ''hoe'', en ''hird'' as ''hurd''. By de ''oe''-klank waard der foar keazen om dy by brekking oan te jaan mei ''uo''. By de Selskipstavering waard noch ''stoellen'' en ''mûrre'' skreaun, mar mei de Akademystavering waard dat feroare yn ''stuollen'' en ''muorre''.
 
Nei it ferskinen fan de Akademystavering is der lykwols noch hieltyd ûnrêst by útjouwers en skriuwers. Dêrneist krige it Frysk in grutter plak yn it ûnderwiis. De ûnrêst en it Frysk ûnderwiis wienen beide reden om ta in nije stavering te kommen. De staveringskommisje fan de Fryske Akademy komt yn 1966 mei in útstel foar de stavering fan it Frysk. De kommisje presintearre in fonologyske stavering, dêr't fuort al in soad ferset tsjin wie. De Fryske Akademy beslute dêrnei om in nije kommisje yn te stellen, dy't syn advys yn 1968 wrâldkundich makke. By útstel I soenen de Fryske wurden 26 persint oars skreaun wurde, by útstel II soe dat 6 persint wêze.
 
Yn 1969 hawwe Provinsjale Steaten besluten dat de Akademystavering fan 1945 de offisjele stavering waard. Dêrneist waard besluten dat “it fêststellen fan de offisjele stavering fan it Frysk heart ta it foech fan Provinsjale Steaten”.<ref>[http://www.kneppelfreed.nl/frysk/untjouwings/wurdboek.html Nederlânsk-Frysk juridysk wurdboek] op kneppelfreed.nl</ref> Nei it fêstlizzen fan it foech krige in steatekommisje de taak om ta in nije Fryske stavering te kommen. Mei saakkundigen fan de Fryske Akademy waard punt foar punt neigien hoe't de stavering moderner makke wurde koe.<ref>[[Ljouwerter Krante]] fan 01-08-1969: ''Delegaesje oer staveringssaek nei Akademy'', side 11</ref> Yn 1976 wie de steatekommisje klear mei syn wurk en koe Provinsjale Steaten beslute oer it al as net ynfieren fan de nije stavering. Provinsjale Steaten stelde yn mearderheid it konsept fan de Steatekommisje fêst as de nije stavering. Dy stavering krige de namme [[Steatestavering]] en waard offisjeel op 1 jannwaris 1980 ynfierd.<ref>[[Ljouwerter Krante]] fan 01-04-1976: ''Ds moatte kwesje fan g - ch en oe - ou - u nochris goed bisjen'', side 25</ref>
 
Yn de sechtiger en santiger jierren hienenwienen de frisisten [[Tony Feitsma]] en [[Trinus Riemersma]] grutte plannenfoarstanners mei de Fryske stavering. Hja woenen beide ta opfan in fonologyske stavering fan it Frysk.<ref>[http://www.frieschdagblad.nl/index.asp?artID=46077 Frysk Deiblêd] Wittenskipper Tony Feitsma wie mei hert en siel ferbûn mei it Frysk</ref> SawolTony Feitsma aswie Riemersmaûnder skreaunenoaren faaklid neffensfan harde eigeneardere staveringsideeënstaveringskommisje fan de Fryske Akademy dy't yn 1966 mei útstel I ta woe op in yngripende staveringferoaring. Riemersma skreau ferskate boeken yn syn eigen fonologyske stavering, lykas "De reade bwarre" yn 1984.<ref>[http://www.demoanne.nl/?p=823 De Moanne] Kronyk fan it libben fan Trinus Riemersma</ref> Minsken as [[Lieuwe Hornstra]] hawwe har noch mei ham en gramtige ferset tsjin de ynfiering fan de nije Fryske stavering, hymar stienei derde opynfiering datfan synde wurkSteatestavering waard it ferset yn 'e rin fan de âldetachtiger staveringjierren ferskinehieltyd soeminder.<ref>[http://www.sirkwy.nl/titel/116 Lytse biografy fan Lieuwe Hornstra op sirkwy.nl]</ref> It ferset kaam nei de ynfiering út in hieltyd lytsere hoeke.

Sûnt de ynfiering fan de Steatestavering giet de staveringsdiskusje net sa bot mear oer de stavering, mar folle mear oer it skriuwen en brûken fan lienwurden en lienkonstruksjes.<ref>Tusken Talen, Reitze J. Jonkman en Arjen P. Versloot, Afûk 2008, side 115</ref>
 
=== Untjouwing Fryske stavering ===