Fryske stavering: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 45:
Yn 1945 waard de Selskipsstavering ferfongen troch de [[Akademystavering]], ek wol "âlde stavering" neamd. Mei de Akademystavering soenen gâns fernijïngen komme om de taal tichter by de doetiidske útspraak te bringen. It wurdsje ''scille'' soe tenei as ''sille'' skreaun wurde, it wurdsje ''ho'' as ''hoe'', en ''hird'' as ''hurd''. By de ''oe''-klank waard der foar keazen om dy by brekking oan te jaan mei ''uo''. By de Selskipstavering waard noch ''stoellen'' en ''mûrre'' skreaun, mar mei de Akademystavering waard dat feroare yn ''stuollen'' en ''muorre''.
 
Nei it ferskinen fan de Akademystavering is der lykwols noch hieltyd ûnrêst by útjouwers en skriuwers. Dêrneist krige it Frysk in grutter plak yn it ûnderwiis. De ûnrêst en it Frysk ûnderwiis wienen beide reden om ta in nije stavering te kommen. De staveringskommisje fan de Fryske Akademy komt yn 1966 mei in útstel foar de stavering fan it Frysk. De kommisje presintearre in fonologyske stavering, dêr't fuort al in soad ferset tsjin wie. De Fryske Akademy beslutebesluet dêrnei om in nije kommisje yn te stellen, dy't syn advys yn 1968 wrâldkundich makke. By útstel I soenen de Fryske wurden 26 persint oars skreaun wurde, by útstel II soe dat 6 persint wêze. Beide útstellen hienen sawat likefolle foar- as tsjinstanners. In jier letter soesoene Provinsjale Steaten alle betizing fuortnimme.
 
Yn 1969 hawwe Provinsjale Steaten besluten dat de Akademystavering fan 1945 de offisjele stavering waard. Dêrneist waard besluten dat “it fêststellen fan de offisjele stavering fan it Frysk heart ta it foech fan Provinsjale Steaten”.<ref>[http://www.kneppelfreed.nl/frysk/untjouwings/wurdboek.html Nederlânsk-Frysk juridysk wurdboek] op kneppelfreed.nl</ref> Nei it fêstlizzen fan it foech krige in steatekommisje de taak om ta in nije Fryske stavering te kommen. Mei saakkundigen fan de Fryske Akademy waard punt foar punt neigien hoe't de stavering moderner makke wurde koe.<ref>[[Ljouwerter Krante]] fan 01-08-1969: ''Delegaesje oer staveringssaek nei Akademy'', side 11</ref> Yn 1976 wie de steatekommisje klear mei syn wurk en koekoene Provinsjale Steaten beslute oer it al as net ynfieren fan de nije stavering. Provinsjale Steaten steldestelden yn mearderheid it konsept fan de Steatekommisje fêst as de nije stavering. Dy stavering krige de namme [[Steatestavering]] en waard offisjeel op 1 jannwaris 1980 ynfierd.<ref>[[Ljouwerter Krante]] fan 01-04-1976: ''Ds moatte kwesje fan g - ch en oe - ou - u nochris goed bisjen'', side 25</ref>
 
Yn de sechtiger en santiger jierren wienen de frisisten [[Tony Feitsma]] en [[Trinus Riemersma]] grutte foarstanners fan in fonologyske stavering.<ref>[http://www.frieschdagblad.nl/index.asp?artID=46077 Frysk Deiblêd] Wittenskipper Tony Feitsma wie mei hert en siel ferbûn mei it Frysk</ref> Tony Feitsma wie ûnder oaren lid fan de eardere staveringskommisje fan de Fryske Akademy dy't yn 1966 mei útstel I ta woe op in yngripende staveringferoaring. Riemersma skreau ferskate boeken yn syn eigen fonologyske stavering, lykas "De reade bwarre" yn 1984.<ref>[http://www.demoanne.nl/?p=823 De Moanne] Kronyk fan it libben fan Trinus Riemersma</ref> Minsken as [[Lieuwe Hornstra]] hawwe har ek tige ferset tsjin de ynfiering fan de Steatestavering, mar Hornstra syn motivaasje wie it behâld fan de âlde stavering.<ref>[http://www.sirkwy.nl/titel/116 Lytse biografy fan Lieuwe Hornstra op sirkwy.nl]</ref> It ferset tsjin de Steatestavering waard yn 'e rin fan de tachtiger jierren hieltyd minder.