Lier (stêd): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
Rigel 46:
Der binne in soad tekens fan iere bewenning, sa as it earste ark dat op 3200 f. Kr. antedearre wurdt. Yn it jier 791 bout [[Liudger]] de earste kapel yn [[East-Fryslân]] bewesten de delsetting Leer. Dy kapel stiet omskreaun yn in dokumint fan it jier [[850]].
[[Ofbyld:Festeleerort.jpg|thumb|right|200px|Resten fan it ''Feste Leerort'']]
Yn de [[14e ieu|14e]] en [[15e ieu]] wennen de Ukena's yn de stêd, in tige wichtige East-Fryske famylje yn dy tiid. De [[Hânze]] smiet in soad foar har op, hja bouden ek it fort Leerort. De stêd krige merkrjocht yn [[1508]] troch greve [[Edzard I]]. Yn [[1744]] kaam East-Fryslân ûnder [[Prusen|Prusysk]] bewâld. Yn [[1854]] kaam LeerLier oan it "Hannoversche Westbahn" te lizzen, dy't [[Emden]] mei it [[Ruhrgebiet]] ferbûn. Yn de nacht fan 9 op 10 novimber 1938 wurdt de synagoge fan Lier yn 'e brân stutsen troch oanhingers fan it nije nazi-rezjym. Lier hie minder skea fan de bombardeminten yn de [[Twadde Wrâldkriich]] as [[Emden]] en [[Wilhelmshaven]]. De stêd waard fan Kanadeeske troepen ferovere op [[28 april]] [[1945]]. Yn 1950 ferliend de Nedersaksyske minister fan Ynlânske Saken de stêd Lier it rjocht, om in nij offisjeel stêdswapen te kiezen. It nije stêdswapenstedswapen is basearre op in segel fan [[1639]]. Op [[1 oktober]] [[1955]] krige Lier de status fan selsstannige stêd. Yn it jier 1968 waarden Heisfelde en Loga stêdsdielenstedsdielen fan Lier, Leerort waard yn [[1971]] in gemeente fan it distrikt, Bingum, Hohegaste, Logabirum, Nettelburg en Nüttermoor folgen yn [[1972]].
 
'''Rychje mei lannen dêr't Lier eartiids ûnder foel:'''