Peter de Grutte: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L kat. oars
L stikje red. oars net
Rigel 1:
[[Ofbyld:Peter der-Grosse 1838.jpg|thumb|right|300px|Peter de Grutte]]
'''Peter de Grutte''', Tsaar[[tsaar]] ''Peter I Aleksejevitsj Romanov fan Ruslân''; berne [[Moskou]], [[9 juny]] [[1672]] - [[Sint Petersburch]], [[8 febrewaris]] [[1725]] (yn de [[Juliaanske kalinder]] [[30 maaie]] [[1672]] - [[28 jannewaris]] [[1725]]). Peter wie letterlik "grut", hy wie likernôch twa meter, mar hy wie ek in grut steatsman dy't [[Ruslân]] modernisearre hat.
 
== Komôf ==
Peter de Grutte wie de soan fan Tsaartsaar [[Aleksei I fan Ruslân|Aleksej I Michajlovitsj Romanov fan Ruslân]] en syn twadde frou NatalyaNatalja Kyrillovna NaryshkinaNarysjkina. Nei de dea fan Peter syn healbroer, Tsaartsaar [[Feodor III fan Ruslân|Feodor III]], yn [[1682]] waard de tsienjierrige Peter tsaar, mei syn mem Natalya as regintesse. Mar neiNei in bloedichbluodderich konflikt tusken de famyljes fan de twa froulju fan Aleksei I, waarden, as in kompromis, Peter en syn âldere, swaksinnige healbroer [[Iwan V fan Ruslân|Iwan]] tegearre tsaar, mei Peter's healsuster [[Sophia Aleksejevna|Sophia]] as regintesse. Dat duorre oant Peter har yn [[1689]] ôfsette, wêrnei't de healbruorren tegearre de titel fan Tsaartsaar hâlden. Nei't [[Iwan V vanfan RuslandRuslân|Iwan]] stoar yn [[1696]] wie Peter allinnich tsaar fan [[Ruslân]].
 
== Polityk ==
Dêr't syn heit hoeden op in mear westersk Ruslân oanstjoerd hie, dêr foarme Peter Ruslân, oft it dat woe of net, om nei in naasje boud nei westersk foarbyld, en dêrmei nei in Jeropeeske grutmacht. Dat betsjutte herfoarming fan it leger en fan it regear, oanpassing fan it muntstelsel, de oersetting fan westerske boeken en ynfiering fan westerske klean, it stiftsjen fan in nije haadstêd, [[Sint Petersburch]], nei westersk model, it oanlûken fan westerske yngenieurs en de stúdzje fan ferskate Westerske techniken. Foar ditdat lêste doel gong Peter, wylst er op in diplomatike reis wie troch [[Jeropa]], as learling oan it wurk, ûnder oaren yn [[1697]] yn Nederlân dêr't er yn [[Saandam]] en [[Amsterdam]] troch it wurkjen op de werven [[Skipsboutechnyk]] learde, en yn [[Deptford]] yn [[Ingelân]] dêr't er de teory fan skipsûntwerp fierder bestudearre.
 
Yn eigen lân brochten de feroarings in soad protesten, mar tsjinstân waard mei hurde hân delslein. Yn [[1721]] waard Peter útroppen ta earste keizer fan it [[Russyske keizerryk]], wat er oan syn dea yn [[1725]] bliuwe soe. Nei syn dea soe it duorje oant [[Katarina de Grutte]] eardat in monarch Peters polityk fierderfiere soe, mar troch syn ynfloed wie Ruslân definityffoarfêst modernisearre.
 
== Húshâlding ==
Yn [[1689]] troude Peter mei [[Eudoxia Lopoechina]]. Se krigen trije bern, werûnderûnder oaren [[Aleksej Petrovitsj Romanov]]. Doe't Peter fan har ferfrjemde rekke stjoerde er har nei it kleaster. Doe't Aleksej yn [[1718]] nei it bûtenlân flechte liet Peter him foar heechferrie deadwaan. Earst Aleksejs soan [[Peter II fan Ruslân|Peter II]] soe keizer fan Ruslân wurde.
 
Yn [[1703]] moete Peter mei Martha SkavronskayaSkavronskaja, de lettere Katarina, dêr't er syn fierdere libben mei trochbringe soe.
Yn [[1707]] troude it pearke, mar dat waard earst publyk makke yn [[1712]]. Se krigen alve bern, wêrfan allinnich [[Anna Petrovna Romanowa|Anna]] en [[Elisabet I fan Ruslân|Elisabet]] folwoeksen waarden. Yn [[1724]] waard [[Katarina I fan Ruslân|Katarina I]] kroand ta keizerinne fan Ruslân. Sy regearre tegearre mei Peter oant syn dea, en alinnich oant sy stoar yn [[1727]].
 
== Betsjutting ==
Peter de Grutte had faaks foar de gewoane boarger yn Ruslân net safolle ynfloedte betsjutten hân. Hy hat al de macht fan de tsjerke en de adel beheind, mar der wienen hieltyd noch grutte ferskillen yn Ruslân, dy't pas yn de [[Oktoberrevolúsje|Russyske Revolúsje]] ferneatigeeinige wurde soenen. Oan de oare kant hat hy dúdlik ynfloed hân op Ruslân as gehiel. Troch him waard Ruslân in grutmacht, dêr't op it Jeropeeske polityke toaniel rekken mei hâlden wurde moast.
 
[[Ofbyld:Autograf, Peter den store, Nordisk familjebok.png|thumb|center|300px]]