Geoffrey Chaucer: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
MeinRei (oerlis | bydragen)
Nije Side: thumb|225px|Chaucer en syn wapenskyld, anonym portret, 17e ieu. '''Geoffrey Chaucer''' (sawat 1343 - 1400) wurdt beskôge as de '...
 
MeinRei (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 2:
'''Geoffrey Chaucer''' (sawat [[1343]] - [[1400]]) wurdt beskôge as de 'heit fan de [[Ingelske literatuer]]' en wie skepper fan de meast priizge dichtwurken út de wrâldliteratuer. Hy wie net allinne in útsûnderlik bejeftige auteur en dichter, mar hie ek in drok iepenbier libben as soldaat, hofling, diplomaat en amtner en ferfolle in ferkaat oan iepenbiere funksjes. Yn dy karriêre wie er de fertouling en beskermeling fan trije opienfolgjende keningen, nammentlik [[Eduard III fan Ingelâf|Eduard III]] (1312-1377), [[Richard II fan Ingelân|Richard II]] (1367-1400) en [[Hindrik IV fan Ingelân|Hendrik IV]] (1367-1413). Dochs fûn Chaucer de tiid om tûzenen fersregels te skriuwen dy't no noch hieltiten troch literatuerleafhawwers heech wurdearre wurde. Dêr toande er mei oan dat it Ingelsk út syn tiid (ek wol [[Middelingelsk]] neamd) krekt sa goed brûkt wurde koe yn de [[poëzij]] as it [[Frânsk]] of it [[Latyn]], wat him dy titel fan 'heit fan de Ingelske literatuer' besoarge. Hoewol't er in soad wuken skreau, wurdt er it meast priizge om syn ûnôfwurke [[raamfertelling]] ''[[The Canterbury Tales]]'', dat yn it [[Frysk]] oerset waard as ''De Canterbury Ferhalen'' troch [[Klaas Hoekstra]].
 
Chaucer syn wurk wurdt skaaimerke troch in grut ferskaat oan ûnderwerpen, sjenre en stilen. Hy beljochtet it minslik stribjen nei in sinfol bestean op in soad ferskate wizen. Yn syn wurk kombinearret er humor mei earnst en relativearringsfermogen by de behanneling fan wichtichewichtige filosofyske fragen. Chaucer is in dichter fan de leafde, dy't er beskriuwt fan gleon troubrek oant spirituele ienheid mei [[God]]. Hy biedt in wiidweidich oersjoch fan de swakheden en healwizens, mar ek op de edelmoedigens fan de minskheid.
 
== Gronology fan de wichtichste wurken ==