Septuaginta: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 38:
 
=== Farianten en omstriden boeken===
Yn de LXX komme faak sokke grutte ferskillen foar, dat yn de moderne útjefte fan de Septuaginta, de [[Deutsche Bibelgesellschaft]], fan in protte boeken wurde twa ferzjes werjûn wurde: bygelyks fan [[Jozua (boek)|Jozua]] 18 en fan [[Richteren]] in ferzje út [[Codex Alexandrinus|Codex A]] en ien út [[Codex Vaticanus|B]]; [[Tobit|Tobias]] ien ferzje út A en B en in oare út [[Codex Sinaïticus|codex S]], itselde bart by [[Daniël (boek)|Daniël]]. [[De wiisheid fan Jezus Sirach]] hat yn de [[minuskel]]s geregeld ekstra ferzen, dy't yn de [[unciaal|uncialen]] en yn it Hebrieusk ûntbrekke.
Likegoed hawwe de boeken Daniël en [[Ester (boek)|Ester]] yn it Gryksk ekstra haadstikken. <br>
Ek it boek [[Psalmen]] hat in psalm ekstra, [[Psalm 151]]. It ferskil yn telling mei de masoretyske tekst is ek nuver: In de LXX foarmje psalm 9 en psalm 10 tegearre ien psalm: 9. Fan dêr ôf rint de nûmering fan de LXX foar op de masoretyske tekst. Psalm 11(MT) is yn de LXX psalm 10; psalm 145 fan de LXX is "ús" 146.