Aleksander III fan Ruslân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
letter mear
 
oanfolling
Rigel 1:
{{stobbe|skiednis}}
[[Ofbyld:Kramskoy Alexander III.jpg|thumb|Aleksander III]]
'''Aleksander III Aleksandrovitsj fan Ruslân''' ([[Russysk]]: Александр III Александрович; ''Aleksandr III Aleksandrovitsj''), mei de bynamme de "fredestichter" (Миротворец, ''Mirotvorets'') ([[Sint-Petersburch]], [[26 febrewaris]] [[1845]] — [[Jalta]] op de [[Krim]], [[20 oktober]] [[1894]]) wie fan [[1881]] oant [[1894]] [[tsaar]] fan it [[Keizerryk Ruslân|Russyske Ryk]]. Hy draaide guon liberale feroarings dy't syn heit Aleksander II ynfierd hie tebek.
 
Aleksander wie it tredde bern en de twadde soan fan grutfoarst [[Aleksander II fan Ruslân|Aleksander Nikolajevitsj fan Ruslân]] en syn frou grutfoarstinne [[Marie fan Hessen-Darmstadt (1824-1880)|Maria Alexandrovna]], dy't feitlik prinsesse Marie fan Hessen-Darmstadt hiet. Op dat stuit wie syn pake, tsaar [[Nikolaas I fan Ruslân|Nikolaj I]], oan de macht en wie syn de tsarevitsj (soan fan de tsaar) fan Ruslân.
 
== Bewâld ==
It besykjen fan syn heit, [[Aleksander II fan Ruslân|Aleksander II]] om it Russyske folk mear autonomy te jaan, waard troch Aleksander III folslein ûngedien makke. Fanwege it fermoardzjen fan syn heit wie er fan betinken dat dy foarm fan frijheid allinne mar foar mear revolúsjonêre ideeën soargje soe, dat syn bewâld wie reaksjonêr. Hy joech de liberaal gesinde ministers fan syn heit dien, beheinde it foech fan de [[zemstvo]]'s, ferskerpe it steatstafersjoch op middelber en heger ûnderwiis, wreide it foech fan de polysje út en trede as hoeder fan de [[Eastersk-ortodokse Tsjerke|ortodoksy]] strang tsjin [[joaden]], [[Roomsk-katolike Tsjerke|Roomsk-katoliken]] en [[Protestantisme|protestanten]] op. Opstannelingen en [[dissidint]]en waarden massaal nei [[Siberië]] ferbanne.
 
Aleksanders bûtenlânske polityk, yn it earstoan pro-Dútsk, rekke op [[Frankryk]] oriïntearre. Lykas syn foargongers gie ek fierder mei it stadichoan fergrutsjen fan syn macht yn Sintraal- en East-Aazje. Hy die dêrby in protte war om konflikten mei oare grutmachten te mijen. Aleksander III stoar hommels op 20 oktober 1894 yn syn simmerferbliuw, it [[Livadiapaleis]] op de Krim en waard opfolge troch syn soan [[Nikolaas II fan Ruslân|Nikolaj II fan Ruslân]].
 
<gallery>
Line 10 ⟶ 16:
</gallery>
 
== keppelingKeppeling om utens ==
{{Commonscat|Alexander III of Russia}}