Holokaust: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L sa mar
L [[]] oars
Rigel 22:
 
=== Medyske eksperiminten ===
In oar skaaimerk wie it brûken fan minsken foar medyske eksperiminten. Dútske dokters dienen sokke eksperiminten yn de kampen fan Auschwitz, [[Dachau]], [[Buchenwald]], [[Ravensbrück]], [[Sachsenhausen (konsintraasjekamp)|Sachsenhausen]] en [[Natzweiler]].
 
Meast ferneamd is de dokter [[Josef Mengele]], dy't yn Auschwitz wurke. Syn part fan it spultsje wie it testen fan minsken yn drukkeamers, testen fan drugs, minsken ynfrieze, mei gemysk guod de eachklear fan bern besykje te feroarjen, amputaasjes en oare ferskriklike ûndersiken. [[Ofbyld:SigeunerbernAuschwitz.jpg|right|thumb|250px|Sigeunerbern yn Auschwitz, ek slachtoffer fan de medyske eksperiminten]][[Ofbyld:Massdeportations.PNG|thumb|250px|right|Getto's yn Jeropa]]Wat er noch mear dien hat is net bekend omdat gâns papieren mei gegevens troch Dr. [[Otmar von Verschuer]] fan it [[Kaiser Wilhelm Ynstitút]] ferneatige binne. Minsken dy't in ûndersyk fan Mengele oerlibbe hienen waarden deadien.