Erwin Rommel: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
JYBot (oerlis | bydragen)
Rigel 6:
== Syn jonge jierren en it begjin fan syn karriêre ==
Rommel is berne yn [[Heidenheim]], Dútslân, likernôch 45 kilometers fan [[Ulm]]. Hy is dope op [[17 novimber]] [[1891]]. Hy wie de twadde soan fan in [[protestantsk]]e haadmaster fan in middelbere skoalle yn [[Aalen]]. Syn heit, professor Erwin Rommel en mem Helene von Luz hienen noch trije bern. Twa soannen, Karl en Gerhard en in dochter, Helene. Rommel hat letter oer syn jeugd sein dat dy tige gelokkich wie.
Op fjirtjinjierrige leeftyd hat Rommel mei in freon in sweeffleantúch makke. It fleantúch wie by steat om in koart eintsje te fleanen. De jonge Erwin Rommel tocht der oer nei om loftfeartbouwer te wurden. Mar heit woe graach dat er him oanmelde as offisier yn de oplieding yn it 124ste WurttemberrezjimintWurttembergrezjimint. Hy waard nei in skoalle foar offisieren yn [[Danzig]] stjoerd. Hy slagge yn novimber 1911 en waard luitenant yn jannewaris [[1912]].
Op de offisiereskoallen moete Rommel syn takomstige frou, de doe 17-jierrige Lucia Maria Mollin. Se trouden yn [[1916]], en yn [[1928]] krigen se in soan, [[Manfred Rommel]]. Dizze Manfred soe letter boargemaster fan [[Stuttgart]] wurde. Der wurdt sein dat Rommel yn dy tiid in ferhâlding hie mei Walburga Stemmer. Der wurdt sels sein dat er fan har in dochter hie mei de namme Gertrud.
 
== [[Earste Wrâldkriich]] ==