Saailân: ferskil tusken ferzjes

91 bytes grutter ,  9 jier lyn
gjin bewurkingsgearfetting
(oanfolling Boarne: LC 25 oktober 2011 side 13)
No edit summary
It '''Saailân''' is in strjitte yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]]. Ek it Wilheminaplein, dat neist de strjitte leit wurdt oer it algemien 'It Saailân' of 'It Saailânplein' neamd. It plein klei eartiids bûten de stêd, mar kaam geandewei mear yn de stêd te lizzen. [[Willem Loadewyk]] oefene hjir mei syn soldaten. Op it plein fine it hiele jier troch diskemerken, merke en oare eveneminten plak. Yn 1865 wie der in lânboutentoanstelling. Letter waarden der ek keatswedstriden, ringriderijen, feemerk en sjippekisterees hâlden. Flak foar de befrijing waard yn april 1945 it Old Burger Weeshûs troch de Dútsers yn de brân stutsen. Latter soe hjir it gebou fan de wetterlieding ferrize. Nei de [[Twadde Wrâldoarloch]] wienen ek de Sjah fan Perzje en de Kanadeeske Shermantanks te besjen. Om it plein stienen kafeees mei nammen as Houbein, de Nederlanden, Us Thús en City Bar. Yn 2011 sit allinnich kafee it Wapen fan Ljouwert der noch, dêr't de keaplju op freed by elkoar sitte.
 
Yn [[2008]] waard it plein troch keunstner [[Henk Hofstra]] beskildere mei in oantal tige grutte spegelaaien. Yn 2011 wie yn it Histoarysk Sintrum Ljouwert in eksposysje oer it plein te sjen. Yn 2013 sil it [[Glêzen Hûs]] fan [[Serious Request]] (Radio [[3FM]]) op it plein stean.
 
== Nije ynrjochting ==
3

bewurkings