Bûdapest: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
JackieBot (oerlis | bydragen)
L r2.7.2) (Bot - derby: so:Budapest
red
Rigel 25:
 
'''Boedapest''' is de haadstêd fan [[Hongarije]]. Yn de stêd wennet likernôch in fiifde part fan alle ynwenners fan it lân.
De stêd leit op beide iggen fan de rivier de [[Donau]], en is in gearfoeging, út [[1873]], fan ''Boeda'' en ''Ald Boeda'' op de rjochter igge, en Pest op de lofterigge.
 
De stêd spilet in dominante rol yn it lân op ûngefear alle mêden (bestjoer, hannel, yndustry, ferkear, kultuer). Bûtendat is de stêd it wichtichste ferkearsknooppunt en (hieltiten mear) it kulturele hert fan Sintraal-Jeropa.
 
== Skiednis ==
De iggen vanfan de Donau waarden eartiids al troch de [[Kelten]] bewenne. De Romeinen bouden op it plak fan it hjoeddeiske stêdsdiel Óbuda in legerkamp [[Aquincum]] dêr't letter in boargerlike delsetting ûntstie. Op it hichtepunt fan de Romeinske tiid herberge de stêd 30.000 ynwenners en wie haadplak fan de Romeinske provinsje [[Pannoonje]]. TidensUnder de [[Grutte Folkeferfarren]] yn de 5e ieu rekke de stêd yn ferfal en lutsen de oarspronklike bewenners fuort. Neikommers kamen, [[Slaven (folk)|Slavyske stammen]] en út dizzedy tiid stammet nei alle gedachten de namme [[Boeda]] ('lyts hûs','hut') foar it diel oan de rjochter igge en [[Pest (stêd)|Pest]] ('hol') foar de oare igge, miskien troch de protte hollen, dy't har dêr doe yn de heuvels befûn. Ieuwen letter yn de [[10e ieu]] ferskyndenferskynde in oar folk, de [[Hongaren]], dy't by Boeda op in strategyske heuvel yn 1247 in kastiel bouden dat yn 1361 haadstêd fan it keninkryk Hongarije waard.
 
Yn [[1526]] makkke de Turken in ein oan it Hongaarske ryk en ferovere de stêd. Fan 1686 ôf wie Boedapest yn [[Eastenryk]]ske hannen en kaam ûnder Habsburgsk bewâld, dat oant 1918 oan de macht bleaubliuwe soe. Yn dizzedy tiid makket benammen Pest in mânske groei troch., en Opop de ein fan de 19e ieu bedroech de befolking om-ende-by 730.000 ynwenners.
 
Yn de [[20e ieu]] waard de stêd fierder útwreide mei de nije stêdsdielen (Újpest, Kispest, Angyalföld). De [[Twadde Wrâldkriich]] wie dramatysk mei de deportaasje en ferneatiging fan de grutte joadske mienskip troch de [[nazi]]s dy't de stêd yn [[1944]] besetten. De befrijing troch de [[Sowjet-Uny]] wie feitlik in nije besetting mei as djiptepunt it delslaan fan de [[Hongaarske Opstân]] yn [[1956]] troch deselde Sowjet-Uny. Dizze foarfallen hawwe alle har spoaren neilitten yn it stêdsbyld. Begjin 80-jierren berikte de befolking fan de stêd har omfang.
 
Sûnt yn [[1989]] de nije RepubliekRepublyk Hongarije útroppen waard, is de stêd it toaniel west fan grutte herfoarmingen. De weromkomst fan de frije merkekonomy hat it stêdsbyld tige ferlibjend. De befolkinggruttebefolkingsgrutte is lykwols fierder ôfnommen.
 
== Demografyske ûntjouwing ==