Pulchri Studio: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
TjBot (oerlis | bydragen)
L r2.7.2) (Bot - derby: ca:Pulchri Studio
'Studio' in 'Pulchri Studio' is geen studio
Rigel 4:
Tanimmend ûnfrede oer te min mooglikheden foar foarming en ûntjouwing ûnder de jonge [[keunstner]]s yn De Haach, joech de oanlieding. Men woe keunstners gelegenheid jaan neffens model te wurkjen en opfettingen út te wikseljen yn mei opset sin hâlden ''keunstbeskôgings''.
 
It oanboaskjend ledetal twong de organisatoren út te wiken nei de grutte seal fan it ''Boterhuis'' en yn [[1861]] waard yn it Hôfke fan Nieuwkoop fergadere. Yn [[1886]] kaam de Pulchri Studio yn in pân oan de ''Prinsengracht'' te sitten, want dêr fûn men foar it earst in útstallingsromte. Earst yn [[1901]] kaam de feriening yn it bekende pân oan it ''Lange Voorhout'' telâne.
 
It falt op dat de Pulchri Studio ûnstie út Haachske ûnfrede op it stuit dat de Frânske [[Barbizon]]-skilders ôfweven mei it symbolistyske [[Klassisisme]]. Dizze Frânske skilders waarden útskeld foar ''Smoarge demokraten'', 15 jier foardat [[Gustave Courbet|Courbet]] en [[Edouard Manet|Manet]] as ''Refusés'' ôfwiisd waaarden troch de ''Salons Officiels'' en 25 jier foar de [[Parys]]ke ympresjonisten harren opskuor jaand libben oan de grutte klok hongen. Yn De Haach giet it sa mâl net.
 
==Leden==