Baen Books: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije Side: '''Baen Books''' is in Amerikaanske útjouwerij dy't him spesjalisearret yn 'e publikaasje fan romans, novellen en bondels koar...
 
stikje redaksje
Rigel 1:
'''Baen Books''' is in [[Feriene Steaten fan Amearika|Amerikaanske]] [[útjouwerij]] dy't him spesjalisearret yn 'e publikaasje fan [[roman|romans]], [[novelle|novellen]] en bondels [[koart ferhaal|koarte ferhalen]] yn 'e sjenres [[science fiction]] en [[fantasy (literêr sjenre)|fantasy]]. De útjouwerij, dy't fêstige is yn [[Riverdale (New York)|Riverdale]], in rike buert yn it uterste noarden fan 'e [[New York City|New Yorkske]] wyk de [[Bronx]], waard yn [[1983]] oprjochte troch [[útjouwer]] en [[redakteur]] [[Jim Baen|James Patrick "Jim" Baen]] ([[1943]]-[[2006]]).
 
''Baen Books'' ûntjoech him al rillegau ta in wichtige spiler op syn terrein trochdat it Jim Baen wol lei om pearels tusken de kiezelstientsjes wei te sykjen, lykas yn it gefal fan 'e [[skriuwer|skriuwster]] [[Lois McMaster Bujold]]. Letter wie ''Baen Books'' der op 'e tiid by doe't de boekeferkeap fia [[ynternet]] wichtich waard (earst mei ynternetpromoasje fan útkommende titels, dêrnei benammentlik mei de útjefte fan [[e-boek|e-boeken]]. Boppedat hie de webside fan ''Baen Books'' al ier in chatfoarum (''Baen's Bar''), dêr't fans gauris streekrjocht mei de skriuwers yn diskusje gean kinne.
 
Under de auteurs dy't troch ''Baen Books'' útjûn binne, befine har grutte nammen yn 'e science fiction- en fantasy-sjenres, lykas [[Robert A. Heinlein]], de al neamde Lois McMaster Bujold, [[C.J. Cherryh]], [[Mercedes Lackey]], [[George R.R. Martin]], [[Elizabeth Moon]], [[Andre Norton]] en [[Timothy Zahn]].
 
Nei't Jim Baen yn 2006 kommen wie te ferstjerren, is de lieding fan 'e útjouwerij oernommen troch [[Toni Weisskopf]], dy't al withoelang de útfierend útjouwer by ''Baen Books'' wie (en teffens Jim Baen syn libbenspartner).
 
==Keppelings om Utens==
* [http://www.baen.com/ webside fan ''Baen Books'']
 
[[Kategory:Utjouwerij]]