Queens Park Rangers FC: ferskil tusken ferzjes

Sportive súksessen taheakke (komt mear by)
(Lytse feroaring: klup = klub)
(Sportive súksessen taheakke (komt mear by))
 
Yn it seizoen 1960/1961 behelle QPR har grutste oerwinning oait. De wedstryd tsjin Tranmere Rovers einige yn 9-2. Yn it seizoen 1966/1967 spile QPR yn de tredde divyzje fan it Ingelske fuotbal en waard doe kampioen. Yn dat suksesfolle seizoen wûn it ek de League Cup en waard dêrmei de earste klub út de tredde divyzje dy't dêryn slagge. Yn de finale waard West Bromwich Albion nei in 0-2 efterstân mei 3-2 ferslein.
 
===Sportive súksessen===
Dave Sexton is de bekendste trener fan QPR. Yn it seizoen 1975/1976 behelle hy mei de klub in twadde plak yn de Premier League achter [[Liverpool FC|Liverpool]]. De wichtichste spiler fan dat team wie Gerry Francis. Yn 1977 wiksele Sexton fan klub. Hy gie nei [[Manchester United]], en twa jier letter degradearre QPR. Yn 1982 helle de klub de finale fan de FA Cup, mar ferlear de return mei 1-0 fan Tottenham Hotspur, nei't de earste wedstryd yn 1-1 einige. In jier letter, ûnder lieding fan Terry Venables, kaam de klub werom op it heechste nivo. Yn it seizoen dat folge, slagge Venables deryn om mei QPR liifsbehâld feilich te stellen, en fertrok nei it grutte [[FC Barcelona|Barcelona]].
 
Yn de jierren dy't folgen, wie it in kommen en gean fan ferskate treners. Grutte súksessen kamen dêr net, mar de klub degradearre tenminsten net. Yn it earste seizoen fan de nije Premier League (foarhinne ''Division One'') einige QPR op in kreas fiifde plak, wêrmei't it heger einige as alle oare [[Londen|Londenske]] klubs. Dêrnei gie it hieltiten sljochter en doe't de klub Les Ferdinand ferkocht, degradearren de Queens Park Rangers úteinlik dochs yn it seizoen 1995/1996.
 
[[Kategory:Fuotbal]]
Anonime meidogger