Queens Park Rangers FC: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L kat. oars
Skiednis útbreide
Rigel 29:
Dave Sexton is de bekendste trener fan QPR. Yn it seizoen 1975/1976 behelle hy mei de klub in twadde plak yn de Premier League achter [[Liverpool FC|Liverpool]]. De wichtichste spiler fan dat team wie Gerry Francis. Yn 1977 wiksele Sexton fan klub. Hy gie nei [[Manchester United]], en twa jier letter degradearre QPR. Yn 1982 helle de klub de finale fan de FA Cup, mar ferlear de return mei 1-0 fan Tottenham Hotspur, nei't de earste wedstryd yn 1-1 einige. In jier letter, ûnder lieding fan Terry Venables, kaam de klub werom op it heechste nivo. Yn it seizoen dat folge, slagge Venables deryn om mei QPR liifsbehâld feilich te stellen, en fertrok nei it grutte [[FC Barcelona|Barcelona]].
 
Yn de jierren dy't folgen, wie it in kommen en gean fan ferskate treners. Grutte súksessen kamen dêr net, mar de klub degradearre tenminsten net. Yn it earste seizoen fan de nije Premier League (foarhinne ''Division One'') einige QPR op in kreas fiifde plak, wêrmei't it heger einige as alle oare [[Londen|Londenske]] klubs. DêrneiDernei gie it hieltiten sljochter en doe't de klub Les Ferdinand ferkocht, degradearren de Queens Park Rangers úteinlik dochs yn it seizoen 1995/1996.
 
===Sportive swierrichheden===
It seizoen dernei like de klub opnij te degradearjen, mar dat waard mar krekt foarkommen. Troch in negative finansjele sitewaasje dienen de Queens Park Rangers in pear jier letter dochs in stapke leger. It earste seizoen yn de tredde divyzje, wêr't se dat jier ynkommen wienen, einige de klub op it achtste plak. Dêrtroch mocht QPR krekt net oan de play-offs om promoasje nei de twadde divyzje meidwaan. Yn it seizoen 2002/2003 helle de klub lykwols wol de play-offs, mar wie Cardiff City yn de finale mei 1-0 te sterk. Der bestiet in ferhaal dat belangrike minsken fan Cardiff City opsetlik it brânalaarm ôfgean lieten yn it hotel wêr't de spilers van QPR de nacht foar de finale trochbrochten. Dêrtroch soene dizze spilers wurch oan de ôftraap ferskine.
 
===It paad omheech===
It seizoen dernei wie it earste súksesfolle seizoen foar QPR yn jierren. Se promovearden wer nei de Football League Championship, de twadde divyzje van [[Ingelân]]. Ek yn die kompetysje die de klub it aardich. Nei in flitsende start fan it seizoen tocht elkenien dat QPR nei de Premier League promovearje soe. De klub einige lykwols op in teloarstellend alfde plak. De jierren dernei bleaunen se rûn datselde plak skommeljen. Yn febrewaris 2010 wie it foarsitter Flavio Briatore dy't de klub ferliet, wêrnei't Ishan Saksena syn taak oernaam. Oan it einde fan seizoen 2010/2011 waard de klub knap kampioen fan de Football League Championship. Troch in 2-0 oerwinning op Watford FC mocht QPR de beker yn hannen nimme, en wie it nei sechtjin jier ôfwêzigens werom op it heechste nivo. Yn augustus waard bekend makke dat de klub oernaam waard troch de Maleisyske sakeman Tony Fernandes. Yn it earste seizoen dat QPR werom wie yn de Premier League, slagge it mar krekt om degradaasje te foarkommen. Yn in uterst belangrike wedstryd wûn Manchester City nei in 1-2 efterstân, mei 3-2 van QPR troch twa doelpunten yn de blessueretiid. QPR kaam mei de skrik frij, om't Bolton Wanderers nei in 2-2 lykspul tsjin Stoke City op 36 punten kaam en dêrmei, yn plak fan QPR, dy't 37 punten hie, degradearre.
 
[[Kategory:Fuotbalklub]]