Queens Park Rangers FC: ferskil tusken ferzjes

Rekords en Fertsjinsten
(Skiednis útbreide)
(Rekords en Fertsjinsten)
===It paad omheech===
It seizoen dernei wie it earste súksesfolle seizoen foar QPR yn jierren. Se promovearden wer nei de Football League Championship, de twadde divyzje van [[Ingelân]]. Ek yn die kompetysje die de klub it aardich. Nei in flitsende start fan it seizoen tocht elkenien dat QPR nei de Premier League promovearje soe. De klub einige lykwols op in teloarstellend alfde plak. De jierren dernei bleaunen se rûn datselde plak skommeljen. Yn febrewaris 2010 wie it foarsitter Flavio Briatore dy't de klub ferliet, wêrnei't Ishan Saksena syn taak oernaam. Oan it einde fan seizoen 2010/2011 waard de klub knap kampioen fan de Football League Championship. Troch in 2-0 oerwinning op Watford FC mocht QPR de beker yn hannen nimme, en wie it nei sechtjin jier ôfwêzigens werom op it heechste nivo. Yn augustus waard bekend makke dat de klub oernaam waard troch de Maleisyske sakeman Tony Fernandes. Yn it earste seizoen dat QPR werom wie yn de Premier League, slagge it mar krekt om degradaasje te foarkommen. Yn in uterst belangrike wedstryd wûn Manchester City nei in 1-2 efterstân, mei 3-2 van QPR troch twa doelpunten yn de blessueretiid. QPR kaam mei de skrik frij, om't Bolton Wanderers nei in 2-2 lykspul tsjin Stoke City op 36 punten kaam en dêrmei, yn plak fan QPR, dy't 37 punten hie, degradearre.
 
==Fertsjinsten==
'''League Cup'''
:1967
 
'''Brugse Metten'''
:1977
 
'''Football League Championship'''
:2011
 
==Rekords==
===Oer alles===
:- Romste thúsoerwinning: Queens Park Rangers - Tranmere Rovers 9-2; Third Division (3 desimber 1960)
:- Romste útoerwinning: Brann Bergen - Queens Park Rangers 0-7; UEFA Cup (29 septimber 1976)
:- Grutste dûbele útslach: Queens Park Rangers - Slovan Bratislava 8-5 (3-3 en 5-2); UEFA Cup (1976)
:- Measte doelpunten yn ien seizoen: 111 doelpunten; Third Division (1961/1962)
 
[[Kategory:Fuotbalklub]]
31

bewurkings