Ferskil tusken ferzjes fan "Maya's"

53 bytes grutter ,  7 jier lyn
L (r2.7.2) (Bot - derby: fo:Mayafólkið)
Mear as 80% fan de 200.000 slachtoffers fan de [[Guatemalteeske boargeroarloch]] (1960-1996) bestie út Maya's; yn de jierren '80 ûnder de presidinten [[Romeo Lucas García]] en [[Efraín Ríos Montt]] barde yn Guatemala in streekrjochte [[Guatemalteekse genoside|genoside]] op de Mayabefolking. De [[Rooms-katolike Tsjerke]] fan Guatemala hat de faak grouwélige misdieden wiidweidich dokumintearre, wat in biskop fan it aartsbisdom, [[Juan Gerardi]], it libben koste. Ien dy't fan Mayaanse side aksje fiert tsjin duorjende rjochtleazens is [[Rigoberta Menchú]] ([[Nobelpriis foar de Frede]], 1992). Under ynternasjonale druk binne de lêste jierren lykwols mear rjochten takend oan it grutte Mayaanse befolkingsdiel; benammen it twatalich ûnderwiis is ynternajonaal wol priizge. Yn Meksiko rûnen de spanningen op doe't yn [[1994]] it [[Zapatistysk Nasjonaal Befrijingsleger]] (EZLN) yn Chiapas yn opstân kaam.
 
Yn Meksiko is [[Francisco Luna Kan]] yn 1976 as earste Maya ta gûverneur fan Yuatán keazen en ferskate middelgrutte stêden yn Guatemala hawwe de lêste jierren foar it earst Mayaboargemasters hân; dochs binne Maya's noch altiten polityk sterk ûnderfertsjintwurdige.
die maya's itte der niks van die binne sa dom as olie
 
== Religy ==
Anonime meidogger