Malala Yousafzai: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
tikfl
Rigel 1:
'''Malala Yousafzai''' ([[Pataansk]]: ملاله یوسفزۍ‎; sekuerder transliterearre as '''Malālah Yūsafzay''', berne op [[12 Julyjuly]] [[1997]]) is in learlinge en ûnderwiisaktiviste út 'e stêd [[Mingora]] yn it distrikt [[Swat]], yn 'e [[Pakistan|Pakistaanske]] provinsje [[Khyber Pakhtunkhwa]]. Hja stiet bekend om har striid foar [[famkesûnderwiis]] en [[frouljusrjochten]] yn 'e Swatdelling en oerlibbe yn [[2012]] in oanslach op har libben.
 
Yn begjin [[2009]] namen militanten fan 'e [[Taliban]], ûnder lieding fan ''mullah'' [[Maulana Fazlullah]], yn 'e [[Earste Slach om Swat]] de macht oer yn 'e Swatdelling en ferbeane dêrnei famkes om nei skoalle te gean. Yousafzai, dy't doe alve jier wie, skreau fan jannewaris oant maart fan dat jier mei goedfinen fan har heit, de [[Patanen|Pataanske]] dichter en skoaldirekteur Ziauddin Yousafzai, in [[blog]] foar de [[BBC]] ûnder it [[pseudonym]] Gul Makai ("Nôtblom", in personaazje út in [[Patanen|Pataansk]] folksferhaal), wêryn't se har libben ûnder it Taliban-rezjym dokumintearre en har mienings oer it rjocht fan famkes op ûnderwiis kenber makke. Yn 'e simmer fan itselde jier waard der in ''[[New York Times]]''-dokumintêre opnommen oer har libben. Om likernôch dyselde tiid werovere it Pakistaanske leger de Swatdelling op 'e Taliban yn 'e [[Twadde Slach om Swat]]. Yn desimber 2009 waard buorkundich wa't efter de skûlnamme Gul Makai siet en waard Yousafzai in bekendheid. Hja begûn fraachpetearen te jaan, sawol oan 'e skriuwende parse as op tillevyzje, en ek op oare manearen te iverjen foar famkesûnderwiis en frouljusrjochten. Teffens wie se foarsitster fan it Bernedistriktsparlemint fan Swat (2009-2011). Tsjin it foarjier fan [[2010]] wie se yn Pakistan in nasjonale bekendheid wurden. Yn oktober [[2011]] waard se troch de [[Súd-Afrika|Súdafrikaanske]] aartsbiskop [[Desmond Tutu]] nominearre foar de [[Ynternasjonale Bernefredespriis]]. Ek waard har de earste Pakistaanske [[Nasjonale Jongereinsfredespriis (Pakistan)|Nasjonale Jongereinsfredespriis]] takend. In ferskaat oan pommeranten, wêrûnder de [[Kanada|Kanadeeske]] minister fan Boargerskip, stipe in petysje om har foar te dragen foar de [[Nobelpriis foar de Frede]].