Naturalisme (literatuer): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
MeinRei (oerlis | bydragen)
MeinRei (oerlis | bydragen)
Rigel 42:
== Naturalisme yn Nederlân ==
{{Apart|Nederlânske literatuer}}
Yn neifolging fan [[Frankryk]] bestiet ek yn [[Nederlân]] ûnnocht oer de romantysk-idealistyske roman. Ynearsten wurdt der nochal wat ompankoekt hoe’t men omgean moat mei it naturalisme yn de literatuer. Foar skriuwer [[Lodewijk van Deyssel]] is net it wittenskiplike aspekt fan beskiedend belang foar it naturalisme, mar it wurkjen nei de natoer ta. Hy achtet ek de keunst noch altiten wichtiger as de wittenskip. Ek leveret er krityk op it samar oernimmen fan it Frânske naturalisme troch Nederlânske auteurs, dy’t neffens him in nije, eigen – en dus Nederlânske – keunstrjochting nei foarren bringe maottemoatte. Hy sprekt fan "[[sensitivisme]]" as Nederlânske tsjinhinger foar it Frânske naturalisme.
 
Hoewol’t it debat om it naturalisme al jierren dwaande wie, set de streaming pas yn [[1888]] echt útein yn Nederlân. Yn dat jier ferskynt sawol ''[[Een liefde]]'' fan Van Deyssel as ''[[Juffrouw Lina]]'' fan [[Marcellus Emants]]. Tusken 17 juny en 4 desimber ferskynt yn
Rigel 59:
De roman ''Van de koele meren des doods'' út [[1900]] fan [[Frederik van Eeden (skriuwer)|Frederik van Eeden]] is faak yndield by it naturalisme, mar is dêrop yn feite in reaksje. Foar de as ûnûntkombere beskôge needlottige ôfrin oer woe Van Eeden in positiver alternatyf toane. Syn haadpersonaazje Hedwig Marga de Fontayne is in nerveuze frou lykas hjirboppe sketst, mar wit úteinlik wol har troch erflikens en miljeu bepaalde karaktereigenskippen te oerwinnen, tanksij de help fan de psychoanalyze - dy’t dêr dus net beheind bliuwt ta in wittenskiplik observearjende rol - en de krêft fan de [[religy]].
 
== Naturalisme yn Fryslân ==
[[Ofbyld:Feitsma, Sake Kornelis.jpg|thumb|[[Sake Kornelis Feitsma]]: de iennige echte naturalist yn ‘e Fryske literatuer]]