Émile Zola: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
MeinRei (oerlis | bydragen)
Nije Side: thumb|[[Émile Zola]] '''Émile Zola''' (Parys, 2 april 1840 - dêre, 29 septimber 1902) wie in Frânsk skriuwer en pamf...
 
L stikje red. oars net
Rigel 5:
Émile Zola waard berne te [[Parys]]. Hy brocht syn jeugd en skoaljierren troch yn [[Aix-en-Provence]], dêr’t syn heit, fan Italjaanske komôf, yngenieur wie. Troch syn planning foar de wetterfoarsjenning wie syn heit ruïnearre. Yn ‘e earmoedige jierren dy’t dêrop folgen, wist syn soan dochs in bestean te krijen by de útjouwerij [[Hachette Livre|Hachette]].
 
Zola waard ferneamd mei syn roman ''Germinal'' ([[1885]]) en syn iepen brief ''[[J'accuse...!]]'' ([[1898]]) om de [[Dreyfusaffêre]] hinne. Yn dat brief kiest er partij foar de Joadske kaptein kapitein [[Alfred Dreyfus]], dy’t ûnrjochtlik beskuldige wie fan spionaazje.
 
Tritich jier earder al, yn [[1866]], doe’t er noch beskieden betsjinner wie by Hachette, foel er bysûnder skerp út nei de offisjele Salonsjuery, doe’t ''[[Le fifre]]'' fan [[Édouard Manet]] wegere waard. Hy soe nammers fûleindich ferdigener wurde fan it [[ympresjonisme]], ek al rint er 20 jier letter minder waarm foar yn syn ''l'Oeuvre'' fan [[1886]]. Syn âlde freonksip mei [[Paul CezanneCézanne|Cézanne]] gie dêrtroch kapot.
 
Nei it iepen brief ''J'Accuse...!'' yn [[1898]] waard Zola feroardiele ta in jier finzenisstraf. Hy wachte dêr net op, mar gie nei [[Grut-Brittanje]]. Nei in jier koe er weromkomme en waard er as held ûntfongen.
 
Émile Zola stoar, ûnferwacht, yn [[Parys]] op [[29 septimber]] [[1902]] yn syn wente oan de Rue de Bruxelles troch [[koalmonoksyde]]fergiftiging. Syn frou wie der hast like slim oan ta, mar hja waard dochs rêden yn it sikehûs fan [[Neuilly-sur-Seine|Neuilly]].<ref>Sjoch oer it stjerren fan/de moard op bygelyks: Bart van Loo., ''Eten! Lezen! Vrijen!'' De Bezige Bij, Antwerpen, 2011, s. 243-246.</ref>
 
== Bibliografy ==
=== Romans en novellen ===
* 1861 ''Un coup de Vent''; [[novelle]]
* 1865 ''La Confession de Claude''; roman
* 1866 ''Un mariage d'amour''; (pubkikaasje yn 'Le Figaro' [24-12-1866]; dêr't 'Thérèse Raquin' út ûntstiet)