Gerhart Hauptmann: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
MeinRei (oerlis | bydragen)
L kring---->rûnte
Rigel 1:
[[Ofbyld: Gerhart Hauptmann nobel.jpg|thumb| Gerhart Hauptmann.]]
'''Gerhard Johann Robert (Gerhart) Hauptmann''' ([[Szczawno Zdrój|Obersalzbrunn]] ([[Neder-Sileezje (provinsje)|Neder-Sileezje]]), [[15 novimber]] [[1862]] – [[Jagniątków|Agnetendorf]] by [[Jelenia Góra|Hirschberg]], [[Folksrepublyk Poalen|Poalske besettingssône]]), [[6 juny]] [[1946]]) wie in Dútsk (toaniel)skriuwer. Ynearstenoan skreau er realistyske drama's, dêr’t er omtinken yn skonk oan de minne sitewaasje fan de [[earmoede|earmen]], letter ek mear symbolyske stikken en wurken basearre op de [[Grykske mytology]]. Hy jildt as meigrûnlizzer fan it Dútske [[naturalisme (literatuer)|naturalisme]]. Yn 1912 krige er de [[Nobelpriis foar de Literatuer]] oerlange. Hy hearde in skoftke ta de [[Friedrichshagener Kreis]], in kringrûnte fan yntellektuelen yn Berlyn.
 
Yn ‘e jierren tritich luts Hauptmann him hieltiten mear werom út it publike libben. Hy liet him net út oer it [[nasjonaalsosjalisme]]. Yn 1946 stoar er yn ‘e âldens fan 83 jier yn syn bertekontreien [[Sileezje]], dat ûnderwilens yn Poalske hannen kommen wie en dêr’t de measte Dútsers ferdreaun waarden nei Dútslân. Hauptmann mocht net yn Sileezje begroeven wurde en waard letter byset yn in kleaster yn it Dútske [[Hiddensee]].<ref>http://www.duitslandweb.nl/naslagwerk/Literatuur/Nobelprijswinnaars/Gerhart+Hauptmann+%281912%29.html</ref>