Naturalisme (literatuer): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
MeinRei (oerlis | bydragen)
MeinRei (oerlis | bydragen)
Rigel 48:
 
Nettsjinsteande Van Deyssels oprop ta it kreëarjen fan in typysk Neederlânske streaming, stean de auteurs dochs dúdlik noch ûnder de Frânske ynfloed, en binne it - sa’t Zola it seit -
''"anatomen dy’t in temperamint bleatlizze"''. Wol typysk foar it Nederlânske naturalisme is de tradysje fan [[bellettry|écriture artiste]] ("wurdkeunst"), dy’t by Van Deyssel begjint en sterk ta utering komt yn it oeuvre fan [[Israël Querido]] en [[Arnold Aletrino]], mar ek wer werom te lûken falt ta de skriuwstyl fan [[Edmond de Goncourt|Edmond]] en [[Jules de Goncourt]]. Trocht is skjinne taalgebrûk woe Van Deyssel bydrage ta de wrâldliteratuer, mar dat hie ta gefolch dat dy skriuwstyl in moadeferskynsel waard. De iennige Nederlânske skriuwer dy’t mei syn nochteren skriuwstyl en alledeiske wurdkar dúdlik net beynfloede waard troch de bellettry is [[Paul Adriaan Daum]], nei alle gedachten trochdat er him fêstige hat yn [[Nederlânsk-Ynje]], fier fan de literêre kringenrûntes yn Nederlân.
 
Nei de roman ''Noodlot'' út [[1890]], syn twadde (naturalistyske) roman, stapt Couperus fan it naturalisme ôf, en kriget yn syn skriuwen mear oanstriid nei it dekadintisme. Ek Van Deyssel, jierrenlang foarfjochter fan de streaming, ferlit dy. Fan de trije grutste Nederlânske naturalistyske auteurs (Van Deyssel, Couperus en Emants) giet inkel Emants troch mei it skriuwen yn de styl.