Jehannes (Romeinsk keizer): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
red
Rigel 3:
== Skiednis ==
[[Ofbyld:Solidus Johannes-s4283.jpg|250px|thumb|right|''Solidus'' fan Jehannes.]]
Doe keizer [[Honorius]] stoar yn augustus [[423]] moast Teodosius II fan Byzantium in opfolger beneamen. Dit soe [[Falentinianus III]] wurden, de soan fan [[Galla Plasidia|Galla Plasidya]], de sus fan Honorius. Falentinianus (6 jier âld) siet lykwols yn [[Konstantinopel]], en der waard lang omkliemd. Dit joech Jehannes, de ''primicerius notariorum'' (heechste notaris) fan Honorius de mooglikheid om't de macht te gripen yn Rome. Teodosius erkende him fansels net; mar hy hie wol de [[magister militum]] [[Kastinus]] en [[Aetius]] (dy't letter [[Attila|Attila de Hun]] ferslaan soe) op syn hân. Sawat it hiele westlike ryk erkende him as keizer, de ienichste útsûndering wie [[Afrika (Romeinske Ryk)|Afrika]].
 
De komôf fan Jehannes is net bekend, en der binne ek net folle boarnen oer him. De skriuwer [[Prokopius]] meldt dat Jehannes in sêftsedich karakter hie, yntelligint en redsum wie. Hy wie ek tolerant tsjin alle kristenen, dit wie yn tsjinstelling ta in protte oare keizers.