Drintske Aa: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 4:
Yn Grinslân en Drinte is it streamke bekend as de Drintske Aa (somtiden inkeld Aa yn Grinslân). Yn Drinte binne der lykwols noch mear lokale nammen lykas it ''Deurzerdiep'', ''Looner Diep'', ''Taarlosche Diep'', ''Oudemolensche Diep'', ''Schipborgsche Diep'', en ''Westerdiep''. In grut part fan it streamgebiet fan de Drintske Aa leit yn it Nasjonaal Gea Drintske Aa.
 
Fanâlds mûne de Aa út yn 'e [[Hunze]] by Adoarp. Yn 1385 waard in diel fan de Aa tusken Dorkwerd en Adoarp ôfsletten en der waard in kanaal dold fan Dorkwerd nei it [[Ryddjip (rivier)|Ryddjip]], sadat it wetter tenei de Lauwersmar yn streamde. It ''Hoornsediep'' by de [[PaterswoldsemeerPaterswoldsemar]] lâns is in oerbliuwsel fan it streamke. Yn 'e stêd [[Grins (stêd)|Grins]] dogge de strjitnammen ''Hoge der A'' en ''Lage der A'' en de Aa-tsjerke noch tinken oan it streamke.
 
[[Kategory:Drinte]]