Molière: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
MerlIwBot (oerlis | bydragen)
L stikje red. oars net
Rigel 9:
Yn syn komeedzjes hie Molière krityk op edelen en geastliken, dy't tige befoarrjochte libben, op harren sleur, harren bline oanbidding fan gesach, harren minachting fan ûnderfining en waarnimming. Hy rjochte syn krityk ek op medisy, skyngelearden enoerdreaune bewûnderers fan keunst en wittenskip. Loadewyk XIV mocht him wol lije en steunde it [[selskip fan Molière]]. Hy joech tastimming op te treden yn syn eigen [[Palais-Royal]]. Nei de ôfbraak fan it paleis 'Petit-Bourbon', wegens útwreiding fan de eastlike fleugel fan it [[Louvre]], spile it selskip faker op de nije lokaasje.
 
Molière ferstoar nei de fjirde foarstelling fan syn lêste komeedzje, ''Le malade imaginaire'', wêryn't hy lykas wenst de haadrol hie. Yn ditdat toanielstik waard de spot dreaun mei it siik wêzen. In goed resept tsjin sykte wie ûnfertinne wyn mei in grut tsikstik kofleis en hollânske tsiis. By de opfiering waard Molière hommels net goed. Hy waard nei hûs ta brocht en frege om in stik Parmezaanske tsiis, it ienige dat er ochnoch ite koe. It wie om'e nocht, Molière stoar noch dyselde jûn.
 
Yn 1680, sân jier nei syn dea, waard by dekreet troch Loadewyk XIV de ''Comédie Française'' oprjochte, wêrfan Molière as de paadsljochter sjoen wurde kin. De lokale [[clerus]] ûntsei him in [[begraffenis]] op wijde grûn, mar nei bemiddeling fan lokale pommeranten waard hy úteinlik begroeven by de [[doop (sakremint)|net-doopte]] bern. Der binne ferskate spylfilms makke oer it libben fan Molière. Letter waard it talint fan Molière ek yn yntellektuele fermiddens erkend. Hy waard postúm lid fan de [[Académie Française]]. Op syn boarstbyld yn de eareseal fan de Academie waard yn 1778 de tekst: ''Rien ne manque à sa gloire, il manquait à la nôtre'' ('neat ^7untbrektûntbrekt oan syn eare, hy ûntbrekt oan dy fan ús') oanbrocht.
 
[[Ofbyld:LeMaladeImaginaire.jpg|250px|thumb|''Tekening troch Jean-Michel Moreau<br />fan 'Le Malade imaginaire']]
Rigel 63:
{{DEFAULTSORT:Moliere}}
 
[[Kategory:Frânsk akteur]]
[[Kategory:Frânsk skriuwer]]