Der Zauberlehrling: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L [[]]
LNo edit summary
Rigel 1:
[[Image:Tovenaarsleerling S Barth.png|right|350px|thumb|Ets by ''Der Zauberlehrling'' út 1882 troch [[Ferdinand Barth]]]]
'''''Der Zauberlehrling''''', wat út it [[Dútsk]] oerset wurde kinne soe as ''De Tsjoenderslearling'', is in ferneamd [[poëzij|gedicht]] fan [[Johann Wolfgang von Goethe]], dat er skreau yn [[1797]]. It is in ballade yn fjirjin kûpletten oer de learling fan in âlde [[tsjoender]], dy't fan himsels mient dat er mear wit as dat eins it gefal is. It gedicht fertoant sokke grutte oerienkomsten mei it [[Gryksk|Gryksktalige]] koarte ramtferhaal ''Philopseudes'' ("'Leagenminner"'), fan 'e skriuwer [[Lusianus fan Samosta]], út likernôch it jier [[150]], dat it wol dúdlik is dat Goethe him dêrop basearre hat.
 
It gedicht iepenet as de learling allinnich efterbliuwt yn 'e wurkpleats fan syn master om in stikmannich putsjes op te knappen, wylst de tsjoender sels earne hinne moat. As er de flier dweiledweilje sil, hat de jonge syn nocht derfan om sels wetter by it ammerfol ophelje te moatten, dat hy betsjoent in biezem om it foàrfoar him te dwaan, dêrby tsjoenderij brûkend dy't er noch net alhiel foar it ferstân hat. Al rillegau stiet de hiele flier splis en hellet de biezem noch altyd mar mear wetter op, wylst it de learling dan begjint te daagjen dat er dat net tsjinkeare kin om't er net wit hoe't dat moat.
 
Hy kriget dan it lumineuze idee om 'e betsjoende biezem te ferneatigjen en slacht it ding midstwa mei in bile. Mar elts fan 'e beide einen wurdt in nije biezem en dan giet it wetterheljen twaris sa hurd. As alle hope ferlern liket, komt de âlde tsjoender wer thús, ferbrekt de tsjoen en rêdt it hiele spul. It gedicht einiget mei de útspraak fan 'e tsjoender dat sa'n machtige geast inkeld oproppen wurde mei troch de master sels.