Hegelânsk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
L bytsje oanpast, sadat de punten fan 'e opsomming net mear troch it kaartsje hinne stean
Rigel 16:
taalkoade ISO 639-3/DIS = n.f.t. |
}}
[[Ofbyld:Lânkaart_lokaasje_hegelânsk.GIF|left|thumbnail|De lokaasje fan it Hegelânske dialekt yn it Nedersaksyske taalgebiet.]]
It '''Hegelânsk''', inkeld ek wol ''Noardgrinslânsk'' neamd, is in [[Nedersaksysk]] dialekt dat sprutsen wurdt yn it [[Hegelân]], it noardlike part fan 'e provinsje [[Grinslân]]. It taalgebiet fan it Hegelânsk wurdt begrinzge troch de stêd [[Grins (stêd)|Grins]] yn it suden, it [[Ryddjip]] yn it súdwesten, de [[Lauwersmar]] yn it noardwesten, [[it Waad]] yn it noarden, de [[Iems (see-eam)|Iems]] yn it noardeasten en it [[Damsterdjip]] yn it súdeasten. De stêden [[Delfsyl]] en [[Appingedam]], dy't oan 'e noardlike kant fan it [[Damsterdjip]] lizze, en dêrmei yn it [[Hegelân]], hearre taalkundich by it [[Aldamtsk]]e dialektgebiet.
 
Line 21 ⟶ 22:
 
== It "Bêste" Grinslânsk==
[[Ofbyld:Lânkaart_lokaasje_hegelânsk.GIF|left|thumbnail|De lokaasje fan it Hegelânske dialekt yn it Nedersaksyske taalgebiet.]]
It Hegelânsk wurdt oer it algemien sjoen as it meast karakteristike dialekt fan it [[Grinslânsk]], dat dêr yn syn geefste foarm sprutsen wurdt. Dat komt benammentlik trochdat yn it Hegelânsk de as typysk Grinslânsk beskôge twaklanken "ai" en "ou" in hiel protte foarkomme, bygelyks yn "''kouk''" ("koeke") en "''stain''" ("stien"). By in enkête út [[1991]] waard troch de grutte mearderheid fan 'e ûnderfrege lju it Hegelânsk oanwiisd as it "bêste" Grinslânsk.
 
Rigel 27:
Krekt as yn it [[Frysk]] komt yn it Hegelânsk gjin aparte foarm fan it weromwurkjend foarnamwurd (yn it [[Nederlânsk]] "''zich''") foar; dus "''hee wast hom''" ("hy wasket him") yn stee fan "''hij wast zich''". Fierders wurdt yn it Hegelânsk it foarnamwurd "''hai''" sawol foar "hy" as foar "sy" brûkt, eat dat fansels ta betizing liede kin, want wa wasket wa yn "''hai wast hom''"? Hy himsels of sy him? In oar opfallend grammatikaal ferskynsel fan it Hegelânsk is it falle litten fan lidwurden, lykas yn 'e sin: "''Kou ligt ien sloot''" ("De ko leit yn 'e sleat").
 
== BoarnenBoarnefernijing ==
* {{aut|Feenstra, H.}}, ''Duizend jaar Gronings taallandschap'', Bedum, 1998.
* {{aut|Reker, S.}}, ''Gronings'', Den Haach, 2002.