Naturalisme (literatuer): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
MeinRei (oerlis | bydragen)
MeinRei (oerlis | bydragen)
Rigel 34:
It naturalisme sette útein yn Frankryk, dêr’t it út in jonge tradysje fan it realisme fuortkaam. [[Gustave Flaubert]], in realistyske skriuwer, joech de oanset mei syn yn [[1857]] ferskynde roman ''[[Madame Bovary]]'', dêr’t er in seker wittenskiplikens yn taheakke oan syn realistyske objektiviteit, mar dochs dúdlik de [[boargerij]], yndustrialisearring en ferstedsking bekritisearre. Ek [[Alphonse Daudet]] foel op trochdat er ôfwykte fan it suver realisme, mar kin - yn tsjinstelling ta Flaubert - wol as naturalist pur sang sjoen wurde. Syn scientistyske pretinsjes wiene minder mei klam oanwêzich as by oare naturalisten, lykwols wiene se der wol. Sa droech er it fúljeton ''L’Évangéliste'', dat fan [[1882]] ôf yn [[Le Figaro]] ferskynde, op oan [[neurology|neurolooch]] [[Jean-Martin Charcot]]. Yn syn oeuvre fynt men neist naturalistyske ([[irony]], [[Provence (Frankryk)|Provençaalske]] sjarme, sympaty foar de lytse, falende boarger) ek al tekens fan in betiid [[ympresjonisme]].
 
De bruorren [[Edmond de Goncourt|Edmond]] en [[Jules de Goncourt]] droegen ek by ta it naturalisme troch it bleatlizzen fan init ûnbekend-psychologyske efter harren personaazjes en makken seis romans yn kolloboraasje. Harren sin foar nuânse kaam fuort út harren doetiidske berop as skilder-yllustrator.
 
De meast útspruten eksponint fan it naturalisme wie [[Émile Zola]], dy’t de Europeeske dekadinsje opdielde yn alle wierhiedsekuerens. Bytiden wurdt Zola noch ta de let-romantisy rekkene troch syn projeksje fan syn ferhalen tsjin de eftergrûn fan lotsferbettering. De figueren yn syn romans binne net inkel de keunstner en pryster, mar ek de dokter, mynwurker, prostituee en dronkeman. De wittenskiplike ynfloed yn syn wurk kaam fan [[Claude Bernard|Bernard]], [[Prosper Lucas|Lucas]] en fral [[Hippolyte Taine|Taine]].
 
Ek [[Guy de Maupassant]] brocht syn personaazjes werom ta in stik elementêre natoer, slaafsk oan yntuïtive krêften en emoasjes, en skaaimerkte syn wurk troch in anty-metafysysk en aromantsyk objektivisme.
 
== Naturalisme yn Nederlân ==
{{Apart|Nederlânske literatuer}}