Frederik van Eeden (skriuwer): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
MerlIwBot (oerlis | bydragen)
MeinRei (oerlis | bydragen)
Rigel 3:
 
== Biografy ==
Frederik van Eeden wie in soan fan de plantkundige [[Frederik Willem van Eeden]] en waard grutbrocht yn in fermidden dêr't keunst en wittenskip fan belang achte waard. Yn [[1878]] sette er útein mei in stúdzje medisinen yn [[Amsterdam]]. Yn [[1886]] promovearre Van Eeden en fêstige him as húsdokter yn [[Bussum]], mar rillegau lei er him alhiel ta op de [[psychoterapy]]. Begjin jierren tachtich fan de [[19e ieu]] spile Van Eeden in wichtige rol yn it studintelibben yn Amsterdam en publisearre er syn earste stikken en blijspullen. Hy waard lid fan de letterkundige feriening ''Flanor'' en rjochte [[1885]] mei [[Frank van der Goes]], [[Willem Kloos]], [[Willem Paap]] en [[Albert Verwey]] it tydskrift ''[[De Nieuwe Gids (Nederlân)|De Nieuwe Gids]]'' op, dat de sprekbuis fan de [[Tachtigers|Beweging fan Tachtich]] wurde soe.
 
De Tachtigers setten harren ôf tsjin de [[Viktoriaansk tiidrek|Viktoriaanske]] ''dûmnyspoëzij'', dy't sa populêr wie yn de twadde helte fan de 19e ieu. Van Eeden levere in bydrage yn in ferneamde [[pastiche]] op de rimelderij fan al dy skriuwers: ''Grassprietjes'' fan Cornelis Paradijs (1885), mei in foarwurd fan Sebastiaan Slaap (= [[Willem Kloos]]) en fan P.A. Saaije Azn. ([[pseudonym]] fan [[Arnold Aletrino]]). Fan dy bondel ferskynden tsien drukken yn hûndert jier.