Louis Pasteur: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L r2.7.3) (Bot - derby: ba:Луи Пастер
MeinRei (oerlis | bydragen)
Rigel 16:
 
== Hûnsdûmens ==
Pasteur ûntwikkele in firus-faksin tsjin hûnsdûmens. Hy slagge deryn in hûn [[Ymmúnsysteem|ymmún]] te meitsjen en hy behannelde hynders. Op 6 july 1885 brocht men Pasteur de njoggenjierrige ''Joseph Meister'' út de [[Elzas]], dy't troch in dûme hûn biten wie. Pasteur begûn mei de troch him ûntwikkele ynintings, eat dat foar him persoanlik riskant wie, omdat hy gjin erkend [[arts|genêheargenêshear]] wie. Nei wikenlange behanneling fan de jonge pasjint, dy't heechread oanrûn wie troch de [[koarts]], genies de jonge en koe Pasteur mei rjocht sizze de hûnsdûmens oerwûn te hawwen.
 
Louis Pasteur ferstoar yn [[1895]]. Pasteur stie bekend as from kristen en bidde alle dagen yntinsyf, wêrûnder de [[roazekrânse]]. Hy waard begroeven yn de katedraal fan [[Notre- Dame fan Parys]], mar syn lichem waard al rillegau oerbrocht nei in [[krypte]] van de katolike kapel yn it ''Pasteur Ynstitút'' yn Parys.
 
De earder neamde Meister wie portier by it ynstitút. Doe't de Dútse besetters yn 1940 him fregen de tombe fan Pasteur iepen te meitsjen, pleegde Meister selsmoard ynstee fan syn rêder de eare te ûntnimmen.