The Warrior's Apprentice: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije Side: thumb|Lois McMaster Bujold yn 1996 '''''The Warrior's Apprentice''''' is in science fiction-roman fan 'e hân fan 'e súksesfolle en manni...
 
L →‎Eftergrûn: link oanpast
Rigel 9:
''The Warrior's Apprentice'' waard foar it earst útjûn yn augustus [[1986]], mar kaam al yn [[1987]], tegearre mei ''[[Shards of Honor]]'', út yn in omnibusedysje mei as titel ''Test of Honor''. Dat boek is al lang net mear te besetten, mar yn [[1997]] foarme ''The Warrior's Apprentice'' ûnderdiel fan in nije omnibus, yn 'e mande mei de roman ''[[The Vor Game]]'' en de [[novelle]] ''[[The Mountains of Mourning]]'', ûnder de titel ''Young Miles''. Dy is sûnt teminsten al trije kear werprinte, de trêde kears yn [[2008]].
 
''The Warrior's Apprentice'' [[fertelperspektyf|is skreaun]] yn it [[personeel perspektyf|personele perspektyf]] en spilet santjin jier nei ''Shards of Honor''. De haadpersoan derfan is foar it earst yn 'e gronology fan 'e ''Vorkosigan-kroniken'' Miles Naismith Vorkosigan, Bujold har populêrste personaazje. Oan 'e ein fan ''Shards of Honor'', dat syn mem Cordelia Naismith as haadpersoan hat, kaam Miles te wrâld mei in stikmannich lichaamlike beheinings dy't er oprûn hie as gefolch fan in moardoanslach op syn âldelju doe't hysels noch mar in [[foetus]] yn syn memme [[limoer]] wie. Sa hat er tige by tige brekbere bonken en wurdt er nea langer as 1.45 m. Mei syn ferstân is lykwols neat mis, en dat is mar goed ek, want hy libbet op 'e [[militarisme|militaristyske]] [[planeet]] Barrayar, dêr't krekt rûnom slimme foaroardielen libje tsjin lju mei oanberne krupsjes.
 
==Plot==