Auktorieel perspektyf: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije Side: It '''auktoriële perspektyf''' is in fertelperspektyf dat útgiet fan in alwittende ferteller. Yn in ferhaal dat op in auktoriële wize ferteld wurdt, komt de lêzer fan alles te ...
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 22 jan 2013 om 15.14

It auktoriële perspektyf is in fertelperspektyf dat útgiet fan in alwittende ferteller. Yn in ferhaal dat op in auktoriële wize ferteld wurdt, komt de lêzer fan alles te witten oer de gefoelens, tinzen en motiven fan alle beskreaune persoanen, om't de ferteller, om sa mar te sizzen, boppe it ferhaal stiet en net bûn is oan ien (haad)persoan. Yn 'e literatuer fan 'e njoggentjinde ieu waard it auktoriële perspektyf faak yn syn klassike foarm brûkt, wêrby't de ferteller him streekrjocht ta de lêzer rjochtet mei soksoarte sinnen as: "En no, achte lêzer, geane wy wer werom nei de held fan dit ferhaal, dy't noch altiten..." of: "Fierderop sille wy útfine oft Jan der yn slagje sil om wurd te hâlden." Hjoed de dei wurdt it auktoriële perspektyf noch wol brûkt, mar ornaris net mear op sa'n yn it each springende manear.