Maritime skiednis fan Nederlân sûnt de meganisaasje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
stikje red.
L WPCleaner v1.23 - Square brackets not correct end (Fixed using Wikipedy:WikiProject Check Wikipedia)
Rigel 50:
 
==== Twadde Wrâldoarloch ====
Sawol foar de [[Earste Wrâldoarloch|Earste]] as de [[Twadde Wrâldoarloch\\]] bestienen plannen foar de bou fan slachskippen. Yn 1940 waard, nei lang berie, it ''Slachkruserplan'' oannommen. Dit betsjutte de bou fan trije snelle slachskippen, of slachkrusers, foar de ferdigening fan Nederlânsk-Ynje. Binnen de marine wie dit plan omstriden, guon ofsieren yn de marinetop woenen de beskikbere fûnsen leaver bestede oan lytsere skippen en fleantugen. Mei de Dútske ynfal, inkele moannen letter, kaam fan dit plan neat mear terjochte.
 
Yn it begjin fan de jierren ‘30 wie al it floatplan ''Deckers'', neamd nei de destiidske Minister fan Marine, oannommen. Dit wie in beskieden bouprogramma. Net alle skippen út dit plan koenen realisearre wurde foar de oarloch. De Keninklike Marine gie dêrom de oarloch yn mei mar 3 lichte krusers, 2 flottyljelieders, 8 torpedoboatjagers, in hânfol [[Fast Attack Craft|torpedoboaten]] en kanonnearboaten en in tweintichtal ûnderseeboaten. Se spilen dan ek gjin rol fan gruttte betsjutting.