The Mountains of Mourning: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L →‎Eftergrûn: link oanpast
L →‎Eftergrûn: + 1 sin
Rigel 5:
Lois McMaster Bujold hie yn [[1987]] de novelle ''[[The Borders of Infinity (novelle)|The Borders of Infinity]]'' skreaun, en dat wie har sa goed befallen (want in novelle koe se yn twatrêde fan 'e tiid skriuwe dy't se oan in [[roman]] kwyt wie), dat se as ûnderdiel fan har folgjende kontrakt foar trije boeken mei har [[útjouwer]] [[Jim Baen]] betinge dat se ''The Borders of Infinity'' recyclje mocht en der twa oare novelles oan tafoegje soe, sadat dy trije mei-inoar langernôch wêze soene om as ien gehiel út te jaan. As earste fan 'e beide nije novelles ûntstie doe ''The Mountains of Mourning'', wêrfan't Bujold de titel, dy't "De Bergen fan 'e Rou" betsjut, liende fan in freondinne fan har, dy't ien fan har eigen boeken earst ''The Mountains of Morning'' ("De Bergen fan 'e Moarntyd") neame woe, mar dêr letter fan ôfseach.<ref> Bujold, Lois McMaster, ''Author's Afterword'', yn 'e omnibus ''Young Miles'', s. 834-835.</ref>
 
''The Mountains of Mourning'' [[fertelperspektyf|is skreaun]] yn it [[personeel perspektyf|personele perspektyf]] en is in, sij it nochal a-typysk, [[detektiveferhaal]]. It waard yn [[1989]] útjûn troch [[Baen Books]] as ûnderdiel fan 'e bondel ''[[Borders of Infinity]]'', yn 'e mande mei twa oare novelles, ''[[The Borders of Infinity (novelle)|The Borders of Infinity]]'' en ''[[Labyrinth (science fiction-novelle)|Labyrinth]]'', en mei in ferbinend [[ramtferhaal]] deromhinne. Al yn [[1990]] makke it, as ûnderdiel fan ''Borders of Infinity'', diel út fan 'e omnibus ''Vorkosigan's Game'', dêr't ek de roman ''The Vor Game'' ta hearde. Yn [[1997]] waard ''The Mountains of Mourning'' werútjûn as ûnderdiel fan 'e omnibus ''Young Miles'', mei de romans ''[[The Warrior's Apprentice]]'' en ''[[The Vor Game]]''. ''Young Miles'' is sûnt teminsten al trije kear werprinte, de trêde kears yn [[2008]].
 
==Plot==