Detektivefiksje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 2:
In '''detektiveferhaal''' of '''detektiveroman''', faak ek koartsein op syn [[Ingelsk]] ''detective'' neamd, is in ferhaal wêryn't in [[detektive (berop)|detektive]] in mystearje of misdie oplost. De spanning fan in detektiveferhaal leit der û.m. yn om it foar de lêzer sa dreech mooglik, mar net hielendal ûnmooglik, te meitsjen de identiteit fan de dieder te ûntraffeljen en/of hoe't de detektive de dieder witte sil te ûntmaskerjen. Faak wurdt in rige detektiveromans wijd oan ien en deselde haadpersoan, dejinge dy't de misdie oplosse moat. Dit kan in [[partikulier ûndersiker|priveedetektive]] wêze, in plysjeresjersjeur of in amateur-ûndersiker. Yn 'e measte gefallen hat in detektiveferhaal de foarm fan in ''[[whodunnit]]'': in puzelferhaal wêrby't de lêzer besykje kin om te rieden wa't de dieder is. Fral yn [[Dútslân|Dútske]] ''[[Krimi]]''-romans wurdt ek wol fan begjin ôf oan man en peard neamd en draait it der dan folslein om hoe't de dieder ûntmaskere wurde sil. Ornaris is de misdie dêr't it allegear om giet in moard, mar soms moat de detektive ek in stellen of ferburgen foarwerp opspoare, lykas in [[Testamint (akte)|testamint]].
 
[[Kategory:Detektiveferhaal| ]]
[[Kategory:Literêr sjenre]]