Greidhoeke: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
MeinRei (oerlis | bydragen)
+ literatuer
L + boalsert fansels
Rigel 1:
De '''Greidhoeke''' is it tradysjonele feehâlderijgebiet op 'e klaai yn it noardwesten fan [[Fryslân]], fuort besuden de [[Bouhoeke]]. it bestiet út [[Littenseradiel]], de súdlike parten fan [[Menameradiel]] en [[Frjentsjerteradiel]], de noardlike helte fan it âlde [[Wûnseradiel]], de [[klokslach]] fan [[Boalsert]] en parten fan 'e eardere gemeenten [[Wymbritseradiel]] en [[Boarnsterhim]].
 
Yn dit gebiet wurdt benammentlik [[yntinsive feehâlderij]] bedreaun troch it hâlden fan [[ko|kij]], mei gauris wat [[skiep|skieppehâlderij]] dernjonken as byfertsjinst. [[Lânbou]] komt der suver net foar. Foarhinne wie it gebiet in mozayk fan nuveraardich yninoar passende puzelstikjes fan greidperselen, mar troch de [[ruilferkaveling]] is dat tsjintwurdich grutdiels foarby. De pleatsen binne der fan twa typen: de [[stjelp]] en de [[kop-hals-romp]].