Belgje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L r2.7.3) (Robot: interwiki gewijzigd van tl:Belgium naar tl:Belhika
L →‎Skiednis: red., oars net
Rigel 39:
 
== Skiednis ==
Yn âlde tiden waard Belgje befolke troch ferskate [[Kelten|Keltyske]] folken, wêr't de Menapii de wichtichste fan wiene. Letter yn de [[Romeinske ryk|Romeinske tiid]] waarden alle Keltyske stammen yn it gebiet tusken [[Noardsee]], [[Ryn]], [[Seine]] en [[Marne]] (Súd-Nederlân, Belgje, Noard-Frankryk en parten fan West-Dútslân) meiïnoar oantsjutten as [[Belgen|Belgae]] en hearde by it [[Romeinske ryk]].
 
Nei it tiidrek fan de Romeinen krigen de [[Franken]] it foar it sizzen yn Belgje en yn de midsieuwen hearde it ôfwikseljend by it [[Frankyske ryk]] en [[Hillige Roomske ryk|Dútske ryk]]. De [[Skelde]] tsjinne as grins tusken beide riken. Yn de [[15e ieu]] kaam it yn hannen fan de [[Habsburch|Habsburgers]] en op de ein fan de [[18e ieu]] troch de [[Frankryk|Frânsken]]. Nei de nederlaach fan [[Napoleon Bonaparte|Napoleon]] yn [[1815]] gong Belgje op yn it [[Feriene Keninkryk derfan de Nederlannen]] om sa in [[buffersteat]] te foarmjen tsjin [[Frankryk]]. Belgje waard yn [[1830]] útroppen ta in ûnôfhinklike [[konstitúsjonele monargy]]. It biedwurd fan België is ''[[iendracht makket macht]]''. DizzeDy iendracht sloech yn 1830 op de feriening fan de njoggen provinsjes. DizzeDe njoggen provinsjewapens binne ek fertsjintwurdige yn it wapenskyld fan it lân.
 
De Earste Wrâldkriich begjint yn Belgje asat Dútslân syn [[Von Schlieffenplan]] yn augustus [[1914]] útfierd. Yn de [[Earste Wrâldkriich]] waard BeljeBelgje sawat hielendal beset troch [[Dútslân]]. Inkeld it gebiet efter de [[Izer (rivier)|Izer]] yn West-Flaanderen koe doe ûnder Belgyske kontrôle bleauwe. It tal deade militêren oan Belgyske kant hie leger wêze kind as de hegere offisieren net ientalich Frânsk west hienen. It Belgyske regear wie nei de kriich poer op Nederlân omdat fan it Nederlânske regear, nettsjinsteande de neutraliteit, it Dútske leger oer Nederlânsk grûngebiet weromlûke mocht. Yn [[1919]] easke it Belgyske regear grûngebiet fan Nederlân, mar dat besykjen wie fergees. Yn 1919 krige it Belgyske folk algemien kiesrjocht, mar dat soe oant 1948 allinnich foar de manlju jilde. It Belgyske regear hie yn it [[ynterbellum]] in ryk polityk ferskaat foar oare Jeropeeske lannen oer. Belgje wie it iennichste lân dêr't sosjalisten, liberalen en katoliken meiïnoar gearwurken. Oare partijen yn it ynterbellum wienen it ''Vlaamsch Nationaal Verbond'' (Flaamsk Nasjonaal Bûn), en de Kommunistyske Partij.
 
Yn de [[Twadde Wrâldkriich]] kapitulearre it Belgyske leger nei achttjin dagen striid en waard itBelgje alhiel beset troch [[Nazy-Dútslân. Yn septimber 1944 soe it grutste part troch Alliearden befrijd wurde. De spannings tusken Nederlânsktalige [[Flamingen]] yn it noarden en de Frânkstalige [[Walen]] yn it suden hawwe de lêste jierren liedenlaat ta konstitúsjonele feroaringenferoarings. Sadwaande waard Belgje in federale steat mei trije gewesten en mienskippen.
 
== Demografy ==