The Warrior's Apprentice: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L →‎Eftergrûn: link oanpast
L →‎Plot: red
Rigel 15:
 
Ienris dêre, rinne de saken al gau út 'e hân. Miles is noch net iens de romtehaven út of hy bemuoit him al mei saken dy't him neat oangeane. Hy wit in ynterstellêre piloat, Arde Mayhew, dy't him nei syn ûntslach mei in wapen yn syn troch syn wurkjouwer foar de sloop ferkochte romteskip ferskânze hat, derút te praten troch it skip foar him te keapjen de piloat sels ta in [[lienstelsel|lienman]] fan him te meitsjen, sadat de Bêtaanske plysje him frijút gean litte moat. Dyselde deis noch rekket er belutsen by Baz Jesek, in Barrayareeske deserteur, dy't op Bêta Koloanje ûnderdûkt is en dy't er letter ek ta syn lienman makket. Dan tinkt er in manear op om winst te meitsjen mei it ferâldere romteskip dêr't er no eigner fan is, om't er oars it jild net hat en betelje de oankeap derfan. As doel fan syn earste reis kiest er Tau Verde IV út, in planeet mei twa regionale regearings dy't mei-inoar yn oarloch binne. De Pelianen hawwe de Oseraanske Hierlingefloat oannommen om in wapenblokkade yn te stellen tsjin harren fijannen, de Felisiërs. Miles lit him ynhiere troch de Felisiërs om te besykjen mei in lading wapens troch dy blokkade hinne te kommen. Mei Mayhew as piloat en Jesek as skipsmasinist set er ôf mei Bothari, Elena en harren Felisyske opdrachtjouwer.
{{Plotbedjer}}
 
'''It hjir folgjende part fan it boekbesprek befettet plot-bedjerrende eleminten. Lês fierder op eigen risiko.'''
 
By de blokkade oankommen wurdt it skip trochsocht, mar de hierlingen kinne neat fine, want de wapens binne goed ferstoppe. De hierlingen beslute lykwols Elena te gizeljen oant Miles-en-dy har wer oppikke op 'e weromreis. Dat is foar Miles ûnakseptabel en hy sjocht gjin oare útwei as om serzjant Bothari los te litten op it groepke hierlingen dat de trochsiking ferrjochte hat. Dy hierlingen binne dan hiel gau oermastere, mar dêrnei binne Miles-en-dy fansels twongen om ek it skip dêr't de mannen weikomme te oerweldigjen. Lokkigernôch ferwachtet nimmen dêre swierrichheden fan 'e opfarrenden fan in âld keapfarder, dat se komme de hierlingen folslein oer it mad. De bemanning fan it hierlingeskip, de ''Ariel'', wurdt útskeakele mei ferdôvers en opsletten yn it rom, wylst Miles-en-dy besit nimme fan harren skip.