The Mountains of Mourning: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L →‎Eftergrûn: + 1 sin
L →‎Plot: red
Rigel 13:
 
Miles syn heit, dy't behalven minister-presidint ek greve fan it Vorkosigan-distrikt is, heart har oan. Har ferhaal is dat har poppe, dy't berne wie mei in [[hazzelippe]] en in [[spjalten ferwulft]] deadien is troch har man, in Lem Csurik. De greve beslút dêrop Miles as syn fertsjintwurdiger nei har berchdoarp te stjoeren, om 'e misdie te ûndersykjen en dan yn syn heite namme rjocht te sprekken, mar dêrnjonken, mei it each op syn uterlik, teffens as in net sa subtyl boadskip fan 'e greve oan 'e doarpsbewenners. Boppedat is it in test foar Miles sels, en ien dêr't er net oermjitte wiis mei is.
{{Plotbedjer}}
 
'''It hjir folgjende part fan it boekbesprek befettet plot-bedjerrende eleminten. Lês fierder op eigen risiko.'''
 
Sa reizget Miles mei syn kriichsman Pym, de legerdokter luitenant Dea en Harra Csurik nei it earmtlike doarpke Silvy Vale, heech yn it Dendarii-berchtme, dêr't moderne gemakken as streamend wetter, elektrisiteit, ûnderwiis en — foar in grut part fan 'e lju — skuon noch ûnbekend binne. Hoewol't se der mei in lichtfleaner yn in pear oerkes wêze kinnen hiene, liket it Miles syn heit better ta om yn dizzen tradysjonele ferfiermiddels te brûken: hynders. As Miles-en-dy op 'e moarn fan 'e trêde deis nei harren ôfsetten út Vorkosigan Surleau yn Silvy Vale oankomme, is nimmen dêr tige bliid mei harren. De "doarpssprekker" (in soarte fan boargemaster en fjildwachter tagelyk) dêre is de ienearmige feteraan Karal. Dizze man hie eins Harra Csurik har beskuldiging registrearje en oan 'e justysjele autoriteiten rapportearje moatten, mar hie dat wegere. No besiket er Miles fan syn ûndersyk ôf te bringen. Ynstee fan nei him te harkjen, stjoert Miles him der mei Pym opút om Lem Csurik yn te rekkenjen, mar de fûgel blykt flein te wêzen en is grif yn 't foar warskôge. In [[lykskôging]] op it lichem fan 'e poppe, Raina Csurik, ferrjochte troch luitenant Dea, wiist út dat it bern de nekke brutsen is. Dy deis wurdt der fierders neat mear bedijd, of sa liket it alteast; in syktocht nei Csurik, útfierd troch Karal en konsorten, smyt neat op. Dy jûns komt suver it hiele doarp del om 'e "mútty-hear" te besjen en sa komt Miles mei ferskate lju yn 'e kunde, wêrûnder frou Csurik, de mem fan Lem, en frou Mattulich, de mem fan Harra.