Hellenisme: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
MerlIwBot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: scn:Ellenismu
MeinRei (oerlis | bydragen)
→‎It Hellenistyske tiidrek: Op 'e doele rekke...
Rigel 8:
It tiidrek dêr't it hellenisme yn oerhearske sette útein nei de oermasteringen fan Aleksander de Grutte, dy't nei it easten en suden in grut ryk stifte (sa. 334 - [[323 f.Kr.]]) dat foar it meastepart bestie út it eardere [[Perzyske Ryk]] en dêr't de [[Gryksk|Grykske taal]] de ''[[lingua franca]]'' yn waard; fan [[Masedoanje (aldheid)|Masedoanje]] oant yn Egypte en fan Súd-Itaalje oant it noardwesten fan [[Ynje]] waard it saneamde [[koinè-Gryksk]] sprutsen, wat "algemien Gryksk" betsjut. De foarnaamste riken yn it hellenistysk kultuergebiet wienen it ryk fan de [[Seleusiden]] yn [[Syrje]] en dat fan de [[Ptolemaejers]] yn [[Egypte]]. As ein wurdt de Romeinske ferovering, yn it bysûnder fan [[Aleksanderje]], sjoen yn ([[30 f.Kr.]]), al bleau it Gryksk ek dêrnei yn de eastlike helte fan it [[Romeinske Ryk]] de oerhearskjende taal. Hoewol't de eigen polityk fan de hellenistyske keninkriken einige wie, wie it hellenisme yntusken de oerhearskjende kultuer wurden fan de bestjoerlike elite fan it Romeinske Ryk. Sein wurde kin dat de Romeinen de Griken polityk oerwûn hawwe, wylst tagelyk de Griken de Romeinen kultureel oerwûn hawwe troch middel fan it hellenisme.
 
Hellenistyske ynfloeden komme foar yn [[handel]] en ferkear, [[literatuer]], [[wittenskip]], [[filosofy]] en de [[keunst]], wêrûnder [[boukeunst]] en [[byldhoukeunst]]. Kenmerken fan it hellenisme wienen, útsein it eardere beskreaune n [[synkretisme (religieus)|synkretisme]], ûnder mear ynternationalisearring (ûnder mear yn handel en ferkear), systematisearring (stêdebou), [[realisme (keunststreaming)|realisme]] (algemien yn de keunst) en yndividualisme (portretkeunst).
 
Eigenskippen fan hellenisme yn keunst binne realisme, soad ekspresje, protte beweging fia diagonale linen. Hellenisme wurdt faker karakterisearre troch [[antroposintrisme]] dan troch [[teosintrisme]].