Rinke Tolman: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
MeinRei (oerlis | bydragen)
No edit summary
L [[]]
Rigel 1:
[[Ofbyld:Rinke-Tolman.jpg|thumb|right|<small>''Rinke Tolman''</small>]]
'''Rinke Tolman''' ([[Eastersee]], [[25 maaie]] [[1891]] - [[Amersfoart]], [[12 maart]] [[1983]]) wie in fjildbioloochfjild[[biolooch]], natoerkenner, skriuwer fan natuerboeken, [[sjoernalist]] en [[dichter]].
 
Tolman hat syn jonge jierren trochbrocht yn [[Wytgaard]] en learde foar ûnderwizer. Dat is er nea wurden, yn [[Utert (stêd)|Utert]] gie er oan 'e slach yn 'e sjoernalistyk.
 
Hy hearde ta de [[Jongfryske dichtersMienskip|Jongfryske]] dichters en waard beynfloede troch de [[Tachtigers]]. Hy hat hûnderten gedichten skreaun dy't meast ferskynden yn tydskriften (Kristussonnetten yn: ''Yn ús eigen taal'', [[1916]]). Ta in bondeling fan syn dichtwurk is it nea kommen. Tolman hat guon wurken fan skriuwers oerset yn it Frysk, sa makke er mei [[Douwe Kalma]] in oersetting fan de roman ''Alastor'' fan [[Percy Bysshe Shelley]]. Fan syn hân is ek it bondeltsje ''Folksforhalen'' (1929) fan [[Leo Tolstoj]]. Hy makke dêrneist ek sjongteksten. Nei [[1925]] ferskynde der gjin wurk mear fan him.
 
De gemeente [[Soest (Nederlân)|Soest]] beneamde him ta [[eareboarger]] en rikt sûnt [[1993]] de trijejierlikse Rinke Tolman-poëzijpriis út.